See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Katalaansk - Wikipedy

Katalaansk

Ut Wikipedy

It Katalaansk is in Romaanske taal. Dizze taal wurdt meast sprutsen yn Spanje, Andorra, Frankryk en Itaalje. Katalaansk liket wol wat op Spaansk, mar it is mear besibbe mei Oksitaansk.

Yn Andorra, is it Katalaansk de offisjele taal. Yn Spanje wurdt it sprutsen yn Kataloanje, op de Balearen en yn in part fan Falensia. It is yn dy gebieten in offisjele taal, lykas it Spaansk. Oer de grinzen fan dizze gebieten wurdt de taal ek noch sprutsen, mar dêr is dy net offisjeel. Yn Itaalje wurdt in âld dialekt fan it Katalaansk allinnich sprutsen yn Algêro op Sardynje, dêr't it ek in offisjele taal is, njonken it Italjaansk. Yn Frankryk wurdt it sprutsen yn Roussillon. It Katalaansk hat likernôch tolve miljoen sprekkers, foar it grutste part yn Spanje.

It Katalaansk is lykas oare Romaanske talen ûntstien út it Latyn, wat troch de Romeinen nei Spanje brocht is, en him dêr fierder ûntwikkele. Yn de 15e, 16e en 17e ieu wie it Katalaansk ferbean, en yn de tiid fan Franco wie dat wer sa, mar op it stuit wurdt it lokaal mear brûkt as it Spaansk.

Yn Falensia wurdt dizze taal Falensiaansk neamd. Der binne lju dy't sels hawwe wolle dat it Falensiaansk in aparte taal is, mar it ferskil tusken de dialekten yn Falensia en yn Kataloanje is net grut. It is sels sa dat de ferskillen binnen Falensia grutter binne, as de ferskillen tusken buordialekten binnen en bûten Falensia.

De ISO 639 taalkoades foar it Katalaansk binne "ca" en "cat". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas wenst op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Katalaansk Wikipedy oantsjut mei de koade "ca:".


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -