Friesenwall (muorre)
Ut Wikipedy
In Friesenwall is in muorre fan grûn en stien dy’t tsjintwurdich benammen yn Noard-Fryslân te finen is.
De muorre bestiet út in laach grûn dy’t mei grutte rûne stiennen ôfmakke wurdt. De muorre is oer it algemien sa'n tachtich sintimeter heech. By in echte Friesenwall wurdt gjin semint brûkt om de stiennen fêst te meitsjen. Dit bart troch it stevich oandrukken fan de stiennen yn de grûn.
Yn de midsieuwen ûntstie de muorre yn it hiele machtsgebiet fan de Friezen. Stiennen waarden brûkt omdat der te min hout wie foar it bouwen fan houten konstruksjes lykas skuttings en oare grinsôfsettings. De brûkte stiennen waarden troch de seestreamen oanfierd. De stiennen wienen troch de see erosidearre ta rûne stiennen.