Farusslach
Ut Wikipedy
De Farusslach of de slach by it Teutoburgerwâld wie in fjildslach yn 9 n Kr. flakby Kalkriese (Dútslân). Yn de slach waarden trije legioenen (it XVIIe, XVIIIe en XIXe) fan de Romeinen ferneatigjend ferslein troch in alliânsje fan Germaanske stammen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oanlieding
Under keizer Augustus besochten de Romeinen om de grins op te skowen nei de rivier de Elbe. Sy woenen it oermastere gebiet dat sy Germaanje neamden, krektsa besette as Galje en der ek in Romeinske provinsje fan meitsje. Lykwols ferrûn de pasifikaasje dy't op de oermastering folge muoisum. Hieltyd wer ûntstienen der opstannen ûnder de Germaanske folken en moast it leger yngripe.
Under lieding fan Arminius, in haadling fan de stam Cherusken dy't in skoft yn it leger fan de Romeinen tsjinne hie, kamen de Germanen massaal yn opstân. De Romeinen stjoerden de Romeinske generaal Farus op him ta mei in leger dat út likernôch 18.000 soldaten bestie. De Germanen gongen de konfrontaasje út'e wei. Doe't it Romeinske leger op'e weromreis wie nei harren kampen yn Ksanten om dêr de winter troch te bringen rûn it tichtby Kalkriese yn in leach. De Romeinen waarden troch de feriene Germaanske kriichsmacht ûnder lieding fan Arminius hieltyd fierder it úngastfrije Teutoburgerwâld ynlutsen. Dit wâld wie sa min troch te kommen dat de Romeinen harren slachlynje net by inoar hâlde koenen. De útstrekte leger koe hjirtroch maklik oanfallen wurde troch de Germanen. Yn in pear dagen tiid waard it Romeinske leger útmoarde. Doe't by de slach de ûndergong net mear te kearen wie, sloech de Romeinske oanfierder Farus de hân oan himsels.
Neffens de skriuwer Suetonius waard de Romeinske keizer Augustus sa kjel troch de útkomst fan de slach dat er syn burd en hier moannenlang groeie liet, as blyk fan rou. Fan Suetonius komt ek de anekdoate dat de keizer oant syn dea wol gauris ropt hawwe soe: "Quinctilius Varus, jou my myn legioenen werom!".
[bewurkje seksje] Gefolch
De útkomst fan de slach en de muoisume striid dy't derop folge soe der ta liede, dat de Romeinen harren nei 16 n. Kr. weromlûke út Germaanje en fan de Ryn de noardgrins fan it Romeinske ryk makken.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Dútske Webstee oer de Farusslach
- Jona Lendering, artikel oer de Farusslach, 2003, (Dútsk).
- Kalkriese Museum
[bewurkje seksje] Boarne
- Meidenbauer, J., Lexicon van Historische Misverstanden (oersetten troch K. Moerbeek en J. Traats), Amsterdam, 2005