Germaanje
Ut Wikipedy
Germaanje, (Latyns: Germania) wie it gebiet oan de oare side fan de Ryn en de Donau dêr't de Germaanske stammen wennen. De namme komt fan de Romeinen út de tiid dat sy foar it earst militêr en polityk yn kontakt kamen mei de ynwenners. Tusken 12 f. Kr. en 16 n. Kr. makke it diel út fan it Romeinske Ryk as de provinsje Germania Transrhenanum, Germaanje oer de Ryn.
[bewurkje seksje] Earste kontakten mei de Romeinen
De earste kontakten mei Germaanje stamje út de tiid dat Julius Caesar syn militêre kampanjes yn Galje hâlde. Hy hie doe te krijen mei Germaanske stammen dy't fan plan wienen om harren súdlik fan de Ryn dêr te fêstigjen. Neidat hy Galje oermastere hie hie stiek er yn 55 en 53 f. Kr. twa kear de Ryn oer om de Germanen de macht fan Rome te toanen. Syn relaasje mei de befolking wie lykwols muoisum.
[bewurkje seksje] Romeinsk Germaanje
Om de grinzen fan it ryk better te ferdigenjen waard ûnder keizer Augustus in begjin makke mei de oermastering fan it gebiet op de rjochter igge fan de Ryn. Troch Klaudius Drusus waard it gebiet oant de Elbe yn besit nommen as buffer tusken de Germanen en Galje.
As Drusus yn 9 f. Kr. komt te stjerren, nimt Tibearius syn wurk oer en wurdt der besocht om Germaanje om te foarmjen ta in Romeinske provinsje. De pasifikaasje fan it gebiet ferrint lykwols fan begjin ôf oan muoisum. De Germanen wienen in oarlochssuchtich folk en it Germaanske gebiet wie yn dy tiid noch frijwat ûnherberchsum mei in protte wâlden en sompen. Doe't yn 9. n. Kr. in grut part fan de Germaanske stammen yn ôpstan kaam ûnder lieding fan Herman en de Romeinske legioenen yn it Teutoburgerwâld ferneatigjend ferslein waarden yn de Farusslach, waard it leger útwreide ta acht legioenen.
Under keizer Tibearius yn 16 kaam der in ein oan de pasifikaasje fan it gebiet troch de Romeinen en waard de polityk fan it meitsjen fan in buffersône loslitten. Wylst mar inkele troepen yn Germaanje efterbleaunen, waard it grutste part fan it Romeinske leger weromlutsen efter de Ryn, de nije grins om Galje te beskermjen.
[bewurkje seksje] Eksterne keppeling
- http://www.clades-variana.com, yn it Dútsk