Elvis Presley
Ut Wikipedy
Elvis Presley (8 jannewaris 1935, Tupelo, Mississippi – 16 augustus 1977, Memphis, Tennessee) wie in Amerikaansk popsanger en akteur.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Jonge jierren
Elvis Aaron Presley waard berne yn in lyts húske op Saltillo Road yn Eastlik Tupelo. Hy is de jongste fan in twilling, mar syn broerke Jesse Garon komt dea op de wrâld. Jesse Garon wurdt de oare deis begroeven op it Priceville begraafplak yn Tupelo. Elvis wie de soan fan Vernon Elvis Presley en Gladys Love Smith; beide âlden kamen út in ienfâldige húshalding. De Presleys libben yn earmoede, it ienichste fersetsje foar harren wie op besite gean by famylje en nei tsjerke gean. De famylje giet nei tsjerke by de First Assembly of God.
Op 3 oktober 1945 die de jonge Elvis mei oan in talintejacht op de jierlikse Mississippi–Alabama Fair and Dairy Show. Hy einige op in twadde plak. Meidat syn heit in soad fan hûs wie krige Elvis in sterke bân mei syn mem. Op 8 jannewaris 1946 krige Elvis op syn jierdei in gitaar fan syn âlden. Syn omke Vester learde him it gitaarspyljen. Yn de tiid dat Elvis syn earste muzyknoatsjes spile kaam de beppe fan Elvis ek by de Presleys te wenjen. It wie ekstra mage dy't mei iten fold wurde moast. Yn dy perioade kaam Elvis in soad yn oanrekking mei ferskillende soarten muzyk. De Presleys wennen flakby in swarte wyk en Elvis makke sa kennis mei de Blues. Mar Elvis wie ek regelmjittich te finen by tsjerketsjinsten. Dizze ferskillende ynfloeden hienen harren ynfloed op yn syn muzyk.
Yn septimber 1948 ferhuzen de Presleys. Se gongen nei Memphis; se foenen dêr in tydlik plak om te wenjen. Elvis makke syn skoalle ôf op de Humer Jr. High. Yn 1949 krigen de Presleys in fêst wenplak. Se krigen in appartemint yn Lauderdale Courts op Winchester Avenue. Mem en Elvis niamen in bybaan om alles betelje te kinnen. Mem gie út wurkjen as servearster en Elvis as steward yn in teater. Mar trochdat Elvis oant hiel let yn 'e nacht wurkje moast, foel Elvis op skoalle gauris yn sliep. Dêrom liet syn mem him wer ophâlde mei wurkjen. Elvis wie op skoalle in bysûndere jonge. It jild dat er hie waard bestege oan opfallende klean. Ek hie Elvis útsûnderlik lang hier foar dy tiid. Op skoalle waard er narre. Gelokkich krige er in maat dy’t holp om it narjen te stopjen. Delbert West waard op dy manier in maat foar it libben. Op 3 juny 1953 helle Elvis syn diploma. Fuort de folgjende deis begûn er by de Parker Machinists shop.
[bewurkje seksje] It begjin
Yn de simmer fan 1953 begûn de sangkarriêre fan Elvis. Hy stapte binnen by de SUN Memphis Recording Servis. Dit bedriuw wie fan Sam Phillips. Hy naam twa ferskes op ‘My happiness/ That’s when your hearaches begin’. Marion Keisker wie oanwêzich en seach wol wat yn Elvis. Sy sette in part fan de ferskes op bân en skreau syn tillefoannûmer op en syn adres. Yn septimber 1953 feroare Elvis fan baan. Hy wurke in skoftke by Precision Tool, mar stapte al rillegau oer nei Crown Elecric. Yn jannewaris stapte Elvis wer binnen by de Memphis Recording Studio Service. Hy naam `Casual love affair` en `I'll never stand in your way` op. Hy hie doe ek syn earste moeting my Sam Phillips. Yn de simmer fan 1954 naam San kontakt op mei Elvis. Se bieden him in kontrakt oan. Elvis waard yn kontakt brocht mei Scotty Moore en Bill Black. Op 5 juny dûken dy trije de studio yn.
De earste dagen yn de studio woe it net echt slagje. De muzyk dy’t se spilen wie net fernijend. Oant Elvis in tal ferskes yn in heger tempo song. Troch it hegere tempo ûntstie der in nije muzykstyl. It wie in mingeling fan swarte en blanke muzyk. Op 19 july 1954 waard de single `That's allright` en `Blue moon of Kentucky` offisjeel útbrocht. It earste konsert dat se jûnen wurdt in grut sukses. It publyk waard entûsjast.
[bewurkje seksje] It hichtepunt
It gie doe hurd mei de karriêre fan Elvis. Hy moete Kolonel Tom Parker, dy't berne wie as Nederlanner en dy't Dries van Kuijk hiet. Dy man waard op 15 augustus syn manager en soe dat de rest fan syn libben bliuwe. Op 20 novimber tekenet Elvis in kontrakt foar 35.000 dollar. Elvis waard hieltyd bekender. Hy kaam ferskillende kearen op de televyzje. Op 6 april 1956, by it ferske ‘Hound Dog’ gongen alle remmen los. Alle minsken yn it hiele lan seachen de ferneamde heupbewegingen fan Elvis. De measte jongelju fûnen it geweldich, mar âlderen fûnen it in skande. Der wienen sels prysters dy't in banflok útsprutsen. Dat hald Elvis net tsjin om in film op te nimmen. Op 23 augustus 1956 naam er de film: `Love me Tender` op. It wie it begjin fan in hiele rige films.
Yn maart 1957 koft Elvis Graceland. Yn dy perioade krige Elvis in oprop foar it leger. Elvis fûn dat mar neat. Hy wie bang dat sa'n ûnderbrekking de ein is fan syn karriêre betsjutte soe. Mar hy moast wol. Hy waard dan soldaat nûmer 53310761. Yn augustus waard syn mem siik. Hy krige noedferlof. Hy bleau twa dagen by syn mem. It like doe wat better mei mem te gean. Dêrom gie Elvis nei Graceland om wat ta rêst te kommen, mar dy nacht ferstoar syn mem op 46-jierrige leeftyd. Nei de begraffenis moast Elvis it leger wer yn. Koart dêrnei waard bekendmakke dat Elvis oerpleatst waard nei Dútslân. Yn Dútslân moete er Priscilla Ann Beaulieu dy't krekt 14 jier wie. Dochs makke it famke in grutte yndruk op him. Sân jier letter die er har in houliksoansyk en sy sei ja. Op 1 maaie 1967 trouwden se. Yn de tuskentiid koft Elvis in Ranch krekt oer de grins fan Mississippi, mar it wie mar inkele kilometers fan Graceland ôf. Hy koft de ranch sadat er syn nije hobby útoefenje koe: hynsteride. Op 1 febrewaris 1968 krigen se in dochter. De dochter waard Lisa Marie Presley neamd.
[bewurkje seksje] Come back
Elvis hie al mear as acht jier net mear live optreden. Hy wie dan ek senuweftich doe't er foar it earst wer optrede moast. Syn earste optreden wie op de N.B.C. It wie in grut súkses. Elvis wie wer hielendal werom. In fjouwer wike tiid joech er 57 konserten. Elvis hie it iene súkses nei it oare súkses. Mar it houlik mei Pricilla wie net mear wat it west hat. Pricilla woe dan ek skiede.
[bewurkje seksje] De ein komt
Ein oktober 1973 waard Elvis opnommen yn it sikehûs fan Memphis. Hy hie in longûntstekking en in útsette dikke term en dêrby kaam: hy hie ek noch Hepatitis. Yn jannewaris 1975 waard Elvis wer opnommen, dit kear foar problemen mei syn lever. Yn de tuskentiid waard Elvis ek noch opnommen omdat er finaal ynein wie.
Yn in heech tempo fleach Elvis fan steat nei steat en fersoarge alle moanne tsientallen konserten. It brûken fan ‘uppers’ en ‘downers’, wie foar Elvis hiel gewoan. Elvis wie ferslaafd rekke oan de medisinen. Elvis sliepte faak oerdeis, neidat hy dêr wat foar ynnommen hie. En as hy dan wer wekker wie (dêr't dan ek wer medisinen oan te as kamen), dan iet er him hielendal sêd mei fet iten. Meastal bestiene de dagen foar Elvis yn dizze perioade út net mear as yn syn badjas sitte, op de wc trochbringe en religjeuze boeken lêze. Undertusken joech er opdracht om konserten te organisearjen. Elvis gie allinnich noch de doar út om op te treden.
[bewurkje seksje] Syn dea
Elvis ferstoar op 16 augustus 1977 yn Memphis, offisjeel troch in hertoanfal. Mar út lettere autopsy docht bliken dat yn it lichem meardere spoaren sieten fan ferskillende pillen. Hy wie wierskynlik deagong oan in oerdoasis.
[bewurkje seksje] Nei syn dea
Elvis waard earst begroeven yn in famylje-mausoleum op Forrest Hill Cemetery, mar nei in ûntfieringspoaging waard syn lichaam en dat fan syn mem nei Graceland brocht. Elvis syn grêf wie al gau in beafeartsoard. Yn 1982 is Graceland iepensteld foar it publyk. Alle jierren komme der mear as 600.000 minsken op besite. Yn 2006 is Graceland troch de Amerikaanske oerheid beneamd ta National Landmark.
Fiifentweintich jier nei syn dea stiet de muzyk dy’t Elvis makke hat nog altyd yn 'e belangstelling. It nûmer "A litte les conversation" krige fan Junkie XL in remake. Dat nummer hat yn grutte dielen fan de wrâld op nummer ien stien yn de hitlisten.
[bewurkje seksje] Diskografy
Albums mei in hitnotearing yn de Nederlânske album top-20/50/100 | |||||
Titel | Datum fan útbringen |
Datum fan binnenkomst |
Heechste posysje |
oantal wiken |
Opmerkings |
---|---|---|---|---|---|
Almost in love | 9-1-1971 | 43 | 6 | ||
Elvis forever | 19-10-1974 | 1 | 49 | ||
40 greatest hits | 4-10-1975 | 6 | 28 | ||
Moody blue | 23-7-1977 | 6 | 17 | ||
20 fantastic hits | 3-9-1977 | 7 | 12 | ||
A portrait in music | 3-9-1977 | 12 | 11 | ||
In concert | 29-10-1977 | 13 | 11 | ||
Love songs | 12-1-1980 | 18 | 12 | ||
Gospels | 24-1-1981 | 12 | 10 | ||
Guitar man | 7-3-1981 | 19 | 9 | ||
Elvis in Hollywood | 28-8-1982 | 30 | 5 | ||
18 classic love songs | 8-2-1986 | 38 | 10 | ||
The definitive rock 'n roll album | 29-8-1987 | 31 | 7 | ||
The definitive gospel album | 5-9-1987 | 64 | 4 | ||
The definitive country album | 5-9-1987 | 46 | 4 | ||
The definitive love album | 5-9-1987 | 23 | 7 | ||
The essential collection | 17-9-1994 | 14 | 30 | ||
Elvis '56 | 11-5-1996 | 51 | 4 | ||
Always Elvis - the Dutch album | 19-7-1997 | 2 | 18 | ||
Platinum (A life in music) | 26-7-1997 | 23 | 10 | ||
Elvis by the Presleys | 4-6-2005 | 52 | 2 |
Singles mei hitnoteringen yn eardere hit-listen | ||||||
Titel | Datum fan útbringen |
Datum fan binnenkomst |
Heechste posysje |
Oantal notearringen (M=moannen) |
Opmerkingen | |
---|---|---|---|---|---|---|
One night | 4-1959 | 7 | 2M | |||
(Now and then there's) A fool such as I | 7-1959 | 15 | 1M | |||
A big hunk o'love | 10-1959 | 15 | 1M | |||
Stuck on you | 6-1960 | 10 | 3M | |||
It's now or never (O sole mio) | 10-1960 | 2 | 5M | |||
Are you lonesome tonight | 1-1961 | 4 | 4M | |||
Wooden heart (Muss I denn) | 2-1961 | 1 | 6M | |||
Surrender | 5-1961 | 3 | 4M | |||
I feel so bad | 8-1961 | 13 | 2M | |||
Little sister / (Marie's the name) His latest flame | 10-1961 | 8 | 5M | |||
Can't help falling in love | 3-1962 | 11 | 3M | |||
No more | 6-1962 | 26 | 1M | |||
Good luck charm | 6-1962 | 2 | 5M | |||
Follow that dream (EP) | 7-1962 | 17 | 1M | |||
She's not you | 11-1962 | 5 | 4M | |||
Return to sender | 12-1962 | 5 | 5M | |||
One broken heart for sale | 4-1963 | 16 | 2M | |||
Kiss me quick | 7-1963 | 12 | 4M | |||
(You're the) Devil in disguise | 9-1963 | 1 | 5M | |||
Bossa nova baby | 30-11-1963 | 8 | 1 | |||
Mexico | 7-3-1964 | 9 | 2 | |||
re-entry | 2-5-1964 | 37 | 6 | |||
Viva Las Vegas | 2-5-1964 | 18 | 12 | |||
Suspicion | 30-5-1964 | 9 | 12 | |||
Kissin' cousins | 11-7-1964 | 15 | 14 | |||
Such a night | 8-8-1964 | 13 | 14 | |||
Ain't that loving you | 14-11-1964 | 23 | 6 |
Singles mei in hitnoteringen yn de Nederlânske Top 40 | |||||
Titel | Datum fan útbringen |
Datum fan binnenkomst |
Heechste posysje |
Oantal wiken |
Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|
Do the clam | 3-4-1965 | 30 | 5 | ||
Crying in the chapel | 19-6-1965 | 13 | 11 | ||
Easy question | 7-8-1965 | 37 | 2 | ||
Love letters | 30-7-1966 | 25 | 5 | ||
Guitar man | 30-3-1968 | tip | |||
re-entry | 14-3-1981 | tip | |||
Stay away / U.S. male | 20-4-1968 | 37 | 2 | ||
In the ghetto | 21-6-1969 | 4 | 15 | ||
Clean up your own backyard | 6-9-1969 | tip | |||
Suspicious minds | 25-10-1969 | 6 | 11 | ||
Don't cry daddy | 24-1-1970 | 23 | 6 | ||
Kentucky rain | 7-3-1970 | tip | |||
You don't have to say you love me | 14-11-1970 | tip | |||
I just can't help believin' | 22-1-1972 | 4 | 11 | ||
Burning love | 25-11-1972 | 19 | 5 | ||
Separate ways | 3-2-1973 | tip | |||
Jailhouse rock | 19-1-1974 | 5 | 9 | ||
Hound dog | 30-3-1974 | tip | |||
My boy | 4-1-1975 | 9 | 8 | ||
T.R.O.U.B.L.E. | 24-5-1975 | tip | |||
Hurt | 8-5-1976 | tip | |||
Moody blue | 22-1-1977 | 14 | 7 | ||
Wooden heart (Muss I denn) | re-release | 3-9-1977 | 2 | 11 | |
Way down | 24-9-1977 | 9 | 8 | ||
My way | 17-12-1977 | 24 | 4 | ||
Are you lonesome tonight (live) | 10-1-1981 | 15 | 7 | ||
re-entry | 24-8-1991 | tip | |||
Heartbreak hotel | 29-8-1987 | tip | |||
Love me tender | 9-3-1991 | tip | |||
Always on my mind | 2-8-1997 | 15 | 6 | ||
Rubberneckin' | 27-9-2003 | 9 | 6 | mei Paul Oakenfold | |
All shook up | 22-1-2005 | 33 | 2 | ||
One night | re-release | 22-1-2005 | 30 | 2 | |
(Now and then there's) A fool such as I | re-release | 29-1-2005 | 34 | 2 |
[bewurkje seksje] Filmografy
- Love Me Tender (1956)
- Loving You (1957)
- Jailhouse Rock (1957)
- King Creole (1958)
- G.I. Blues (1960)
- Flaming Star (1960)
- Wild In The Country (1961)
- Blue Hawaii (1961)
- Follow That Dream (1962)
- Kid Galahad (1962)
- Girls! Girls! Girls! (1962)
- It Happened At The World's Fair (1963)
- Fun In Acapulco (1963)
- Kissin' Cousins (1964)
- Viva Las Vegas (Love in Las Vegas) (1964)
- Roustabout (1964)
- Girl Happy (1965)
- Tickle Me (1965)
- Harum Scarum (Harem Holiday) (1965)
- Frankie and Johnny (1966)
- Paradise, Hawaiian Style (1966)
- Spinout (California Holiday) (1966)
- Easy Come, Easy Go (1967)
- Double Trouble (1967)
- Clambake (1967)
- Stay Away, Joe (1968)
- Speedway (film) (1968)
- Live A Little, Love A Little (1968)
- Charro! (1969)
- The Trouble With Girls (And how to get into it) (1969)
- Change Of Habit (1969)
- Elvis: That's The Way It Is (1970)
- Elvis On Tour (1972)