Mausoleum
Ut Wikipedy
In mausoleum is in gebou dêr't it lichem fan in ferstoarn persoan, meastentiids in hearsker beware wurdt.
It wurd komt fan it Mausoleum fan Halikarnassus, in tombe foar Maussollos, satraap fan Karje tusken 377 f. Kr. en 353 f. Kr., dat rekkene wurdt oant de Sân Wrâldswûnders út de klassike âldheid.
Foarbylden fan mausoleums :
- itt Mausoleum fan Lenin op it Reade Plein yn Moskou.
- Taj Mahal yn Agra (Yndia)
- Enver Hoxha's mausoleum yn Tirana (Albanje)
- Che Guevara's mausoleum yn Santa Clara (Cuba)
- Timoer Lenk's mausoleum "Gur-e Amir" yn Samarkand (Oezbekistan)
- Grant's tombe yn New York
- Mausoleum yn Oldenburg (Dútslân)
- it Mausoleum fan Augustus en de Ingelenburcht yn Rome.
- it Masoleum fan Anit Kabir yn Ankara fan Atatürk.
- it Mausoleum fan Hodja Ahmed Yasavi yn Turkestan yn Kazachstan.
- it mausoleum fan Diderik de Grutte yn Ravenna.
- it mausoleum foar Jan Amos Comenius yn Naarden.
- it mausoleum foar Hastings Kamuzu Banda yn Lilongwe, (Banda wie eartiids diktator fan it Afrikaanske lân Malawi).
- it mausoleum fan Kim Il Sung yn Pyongyang.
- it mausoleum van de familie Medisi yn Cappelle Medicee fan de Basilica San Lorenzo yn Florâns.
- it mausoleum fan Folkert Harmens Kuipers by Coopersburg yn Akkrum