Asega
Ut Wikipedy
In Asega ("rjochtsizzer") wie yn de iere en hege midsieuwen by de Friezen de offisjele rjochtsadviseur fan it gerjocht dat ûnder foarsitterskip stie fan de skelta as fertsjinwurdiger fan de greve. De Asega hie as taak it finen fan oplossings en it meitsjen fan in rjochtsoardiel yn eartiidske skelen. De asega mei yn gjin gefal beskôge wurde as in soart fan rjochter.
Doe't yn de rin fan 12e ieu it greeflik gesach ôf begûn te takeljen wurde asega en skelta yn ien persoan ferienige: de grytman.
[bewurkje seksje] Sêge oer it ûntstean fan it Fryske rjocht
Yn de sêge Fan dae koningen Kaerl ende Redbad, spile de Asega's in wichtige rol. Neffens it ferhaal frege kening Karel de Grutte nei syn oerwinning op kening Redbad de tolve foarsprekkers (asega's) fan de Friezen nei harren rjocht. Doe dy nei lang oerlis oan Karel meidielden dat sy it rjocht net fine koenen, sette Karel harren op see yn in skip sûnder roer. Neidat sy in skoftlang stjoerleas op see omdobbere hienen, ferskynde der, nei in gebed, in trettjinde persoan oan board. Dat wie Jezus Kristus mei in gouden bile. Mei syn bile stjoerde hy it skip oan lân, liet in boarne (de Hillige Geast) ûntspringe en ferkundige it rjocht oan de Asega's.
[bewurkje seksje] Boarne
- Algra, N.E., Zeventien keuren en Vierentwintig landrechten, Doorn, 1991.
- Buijtenen, M.P. van, De grondslag van de Friesche Vrijheid, Assen, 1953.