Alfred Hitchcock
Ut Wikipedy
Sir Alfred Joseph Hitchcock (13 augustus 1899, Leytonstone - 29 april 1980, Los Angeles) wie in Britske filmregiseur. Twa fan syn ferneamste films binne Psycho en The Birds.
Koart foar syn dea waard Hitchcock ta ridder slein, yn 1980. Hy hat twa stjerren op de Hollywood Walk of Fame, ien foar syn films en ien foar syn tillevysjerigen, Alfred Hitchcock Presents en The Alfred Hitchcock Hour. By dy tillevysjeprogramma's joech er foar en nei eltse ôflevering droechhumoristysk kommentaar, wêrtroch er, oars as oare regiseurs, tige ferneamd en populêr waard by de sjoggers.