Spaansk
Ut Wikipedy
|
Spaansk (Spaansk: español) of Kastiliäansk (castellano) is in Romaanske taal en is ien fan de meast sprutsen talen op 'e wrâld. Hjoed de dei is it Spaansk de offisjele taal fan Spanje, de measte Súd-Amearikaanske lannen en ekwatoriaal Guinee. Spaansk is ek ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes.
Meksiko is it grutste Spaansktalige lân en it is de grutste twadde taal yn 'e Feriene Steaten fan Amearika.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It Spaansk komt fan it Fulgar Latyn, de taal fan de Romeinen, dy't it Yberyske skiereilân sa'n 700 jier ûnder har regear hiene. Under de ynfloed fan it Keltiberysk, Baskysk, Fisigoatysk en letter troch de Moaren it Arabysk, hat de taal him út it Latyn wei ûntjûn. Der binne grutte ferskillen lykas by it weifallen fan de Latynske namfallen, sêftere bylûden (vita nei vida) en it diftongearjen fan koarte lûden ("terra nei tierra).
Mei it politike bewâld op it Yberyske skiereilân en ferskillende substraten lieten ta it ûntstean fan besibbe talen lykas it Portugeesk, it Katalaansk en it Galisysk dy't se hjoed de dei jit prate, en it Mosarabysk, in taal oan it Spaansk besibbe en waard sprutsen troch Spaanske Kristenen dy't yn Yslamityske kriten libben. De earste Spaanske teksten komme út 'e 9e ieu. It Cantar de Mio Cid, fan de 12e ieu, is ien fan de âldste lange teksten yn it Spaansk.
It earste wurdboek waard skreaun yn 1492, it jier dat Christoffel Columbus Amearika ûntduts, wie it útein setten fan it Spaansk as wrâldtaal. Sûnt dy tiid binne der twa ûntjouwingen fan wurdskat en útspraak, dy fan Súd-Amearika is wat oars as dy fan Spanje. Yn dat jier waarden ek de Joaden út Spanje wei reage, sadat it Joadske Spaansk, ek bekend as Ladino, him as tredde fariant op it aljemint brocht.
Yn 'e santjinde ieu hie de taal in stikmannich klankferskowings dy't foar it meastepart net fan tapassing binne op it Súd-Amearikaanske Spaansk en it Ladino. Dêrfandhinne stiet it Súd-Amearikaanske Spaansk tichter by it Spaansk fan 1492 as dat fan no. Yn 1713 waard de Real Academia Española stifte, dêr't se binnen Spanje in taalienheid mei besochten te krijen. De grûnslach fan de hjoeddeiske standerttaal is in dialekt út 'e kriten fan Toledo.
[bewurkje seksje] Utwreiding
Yn Noard-Amearika woeks it Spaansk sûnt de twadde helte fan de 20e ieu. In protte flechtelingen fan Kuba en Meksiko, en fan Porto Riko dat by de Feriene Steaten heart, hawwe har nei wenjen set yn 'e súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Yn 'e Feriene Steaten hat it Spaansk yn guon fan de steaten ek politike erkenning.
[bewurkje seksje] Sibskip
It Spaansk is in Romaanske taal, dêr't de West-Yberyske taalkloft by heart. Dat binne benammen talen dy't op it Yberyske skiereilân praat wurde. Dy talen binne aardich te ferstean foar mekoar. It Portugeesk en it Spaansk hawwe wat grammatika en wurdskat in grut tal oerienkomsten. Der wurdt ek wol rûze dat dy talen foar 89% deselde wurdskat hat.
It Spaansk is ek besibbe oan Romaanske talen lykas it Frânsk, Italjaansk, Roemeensk en in stikmannich lytse talen.
[bewurkje seksje] Taalkoades
De ISO 639 taalkoades foar it Spaansk binne "es" en "spa". Om't it Wikipedia-projekt meast, lykas winske op it ynternet, de twaletterige koades brûkt, wurdt de Spaanske Wikipedy oantsjut mei de koade "es:".
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Spaanske ferzje. |