See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Protter - Wikipedy

Protter

Ut Wikipedy

Protter
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Prottereftigen (Sturnidae)
soarte
Sturnus vulgaris

De Protter (Sturnus vulgaris) is in lânseigen fûgel in Jeropa en Aazje. Mar hy is ek oerbrocht troch de minsken nei Noard-Amerika, Súd-Afrika, Austraalje en Nij Seelân. Omdat protters harren maklik oanpasse wurde se yn inkele fan dizze lânnen al as in pleach sjoen.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Uterlik

De 19-22 sm grutte protter is hielendal swart mei grize spikkels. Hy hat glânzjende fearren mei in brûnsgriene of pearse gloed. De fûgel yt fan alles, bygelyks ynsekten, beien en wjirms.

[bewurkje seksje] Oare Fryske nammen

De protter wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Staar, Staring, Stark as Starring.

[bewurkje seksje] Fuortplanting

De protter hat syn nest yn in hol bygelyks yn in beam of in nestkast. Hy leit 3-6 aaien der't beide fûgels sa'n 2 wiken op briede. De jongen bliuwe 3 wiken op it nest foar at se útfleane.

[bewurkje seksje] Gedrach

Yn de hjerst en winter foarmje de protters harren yn grutte kloften. By jûntiid is dit in machtig gesicht at se harren sammelje en yn ien grutte groep in sliepplak opsykje. De fûgels yn Nederlân binne foar it grutste part trekfûgel en lûke meast wat nei it suden en westen sa as Frankryk en Grut-Brittanje. Op de plakken wêr't se oerwinterje foarmje de protters somtiden wol kloften fan oant 1 miljoen fûgels.

Protters binne by steat om de lûden fan oare fûgels te imitearjen.

[bewurkje seksje] Protters op it menu

Yn eardere ieuwen stiene jonge protters yn grutte parten fan Europa by de minsken op it menu. De jonge fûgels waarden fongen yn saneamde protterpotten, in keramyske nêstgelegenheid. De protterpot hie in fleangat en wie oan de efterkant, dy't tsjin de muorre hong, iepen, sadat de jonge fûgels der krekt foar it útfleanen maklik út heljen wienen. Oan wjerskanten fan it fleangat sieten gatsjes, dêr't men, as de fûgels grutter waarden, stokjes troch stuts om foar te kommen dat de protters útfleagen. It Nederlânsk sprekwurd "Ergens een stokje voor steken" is dêr fan ôfkomstich. Protterpotten binne tsjintwurdich wer yn swang as nêstgelegenheid.

De protters waarden ferwurke ta pastei of der waard prottersop fan makke.

[bewurkje seksje] Sjoch ek


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -