Zenboedisme
Ut Wikipedy
Zenboedisme is in foarm fan it Boedisme dy't de klam leit op: meditaasje (za-zen) as middel om ta ferljochting te kommen. By dizze foarm fan meditaasje binne û.o. behearsking, wiisheid en in goed sin foar humor wichtich. It Zenboedisme hat in protte oanhingers yn Japan.
[bewurkje seksje] It doel fan Zen
Krekt as yn it Boedisme giet it om it berikken fan in duorjende steat fan Ferljochting (nirvana). Neffens de Zenboedisten is it berikken fan ferljochting gjin doel op himsels en kin it net ôftwong wurde. De steat fan ferljochting oerkomt dy, of oerkomt dy net. Mar ast it ûnderfynst dan binne alle tsjinstellings fuort. Dan hast in geastlik ynsjoch berikt of do belibbest in ûnderfining, dêr't gjin tiid mear bestiet noch sin of doel. Derom sprekt in zenmaster yn paradoksen oer it doel en seit altiten datsto it net berikke wolle moast. It dwaan fan meditaasje is dêrby in helpmiddel om it doel te berikken.
[bewurkje seksje] Meditaasjetechnyk
De technyk dy't brûkt wurdt by it meditearen (za-zen) is der eins op rjochte om de sinnen en it tinken út te skeakeljen. Foar de measte minsken is dit slim om net te dwaan. Under it meditearjen moat in mins syn tinken loslitte en him konsintrearje op syn sykheljen of troch it werheljen fan in mantra syn tinken útskeakelje oant er de Atma of it 'neat' berikt. Yn in groep is it makliker om yn dy tiidleaze tastân te kommen dan as men it allinne docht.
[bewurkje seksje] Zenstreamingen
Yn it Zenboedisme besteane ferskate streamings, te witten:
- Dogen
- Eisai
- Igyo
- Obaku
- Rinzai
- Soto
- Ummon