Wezerfrysk
Ut Wikipedy
Wezerfrysk
Yn july 1935 is der in "Opa Christians" op Wangereage ferstoarn yn 'e âldens fan 92 jier. Dr. K. Fissen (1951,s.138) fan Oldenburg praatte mei him yn it Jeverlanner Platdútsk, mar mei syn wiif, ek fan Wangereage, praatte de âldman yn 'e Wangereage tongslach mei wurden en in sinbou dy't tichteby it Aldfrysk stiene. It praten yn 'e Wangereaqe tongslach neamden de ynwenners "quiddern", en yn it hjoeddeiske Sealterlân hawwe hja it noch oer "kweede". De lêste Wangeroogers brûkten har Fryske tongslach efter sletten doarren as skammen se har dêrfoar. De lêste Fryskprater fan Wangerooge wie Hayo Hayen, ferstoarn yn Varel op 22 novimber 1950 (Siebs 1928, s.104).
[bewurkje seksje] Literatuer
- dr. N.M. Postema, Om 'e wivedei hinne, kreambrûkmen yn 'e trije Fryslannen, (Koperative Utjowerij, Boalsert), 1984, side 169.