Utah
Ut Wikipedy
|
||||
Ofkoarting | UT | |||
Haadstêd | Salt Lake City | |||
Tiidsône | -7 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 220.080 | |||
Befolking | 2.469.585 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 4 jannewaris 1896 | |||
Oantal countys | 29 |
Utah is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. Haadstêd is Salt Lake City.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Foar de komst fan de Jeropeanen nei de Nije Wrâld waard it gebiet befolke troch Yndianestammen as de Uintah, Ouray en Utes, dêr't de steat nei ferneamd is. Op 24 july 1847 kamen de earste blanke kolonisten niet it gebiet. Dat wienen ynearsten foaral Mormonen. Op dat stuit wie dat fier fuort fan oare Amerikaanske delsettings, omdat de regio hearde by Meksiko. Nei de mislearre kriich fan 1848 moast Meksiko it gebiet ôfstean oan de Feriene Steaten.
Pas op 4 jannewaris 1896 waard Utah de 45e steat fan de Feriene Steaten.
[bewurkje seksje] Geografy
It grûn oerflak fan Utah is 220.080 km² grut en leit yn de Mountain-tiidsône. Yn it easten lizze grutte Yndianereservaten.
Utah grinzet yn it noarden oan Idaho en Wyoming, yn it westen oan Nevada, yn it easten oan Kolorado en yn it suden oan Arizona.
It midden en easten fan Utah wurdt dominearre troch de Rocky Mountains. It heechste punt is de Kings Pyk (4123 meter). Yn it westen lizze ûnder mear it Great Salt Lake (Grutte Sâltmar) en grutte sâltflakten. Op dizze flakte binne ferskate snelheidsrekôrds brutsen. Troch it súdeasten fan de steat streamt de Koloradorivier.
Utah beskikt oer inkele Natsjonale Parken, w.û. Bryce Canyon en Zion.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
- Rocky Mountains
- Great Salt Lake (Grutte Sâltmar)
- Koloradorivier
- Nationaal park Bryce Canyon
- Nationaal park Zion
- Lake Powell
- Nationaal park Arches