Us Leaffrou fan Sânwâlden
Ut Wikipedy
Us Leaffrou fan Sânwâlden is in merakelse Marijebyltnis dy't fereare wurdt yn de Sint-Fransiskustsjerke yn Boalsert. Hoewol't it byld sels ein 13e ieusk is (en dus ien fan de âldste merakelbylden fan Nederlân is) komt de devoasje sels út folle lettere tiden. Hja stie opsteld yn in kapel op in brêge doe't de stêd ynfallen waard troch de Swarte Heap, oproer meitsjende soldaten fan de hartoggen fan Saksen. Dit bade yn 1515. Wûnderlik genôch bleau it byld sels sparre, en krige fan dat momint ôf in bysûndere ferearing. Fan dat momint ôf waard der, lykas bygelyks ek yn 's-Hertogenbosch in merakelboek byholden.
Mei de reformaasje waard it byld yn feilichheid brocht by fromme froulju. It bleau ferburgen by de saneamde klopkes oant de 18e ieu, doe't de iepenbiere ferearingferfette wurde koe, no by de staasje fan de Franciskanen.