Unno
Ut Wikipedy
Unno wie in Fryske haadling út de Midsieuwen. Hy wie ôfkomstich út Riustringen.
Yn 793 fierde Unno tegearre mei Eilrad, in oare lieder, de Friezen oan yn harren ôpstân tsjin it Frankyske ryk fan Karel de Grutte. Dizze ôpstân soe der ta liede dat de Friezen tydlik weromfoelen nei it heidendom. Kristlike sendlings as Liudgers wurden op'e flecht jeie. Mar de ôpstan waard lykwols fuort delslein troch de Franken en de Friezen kamen wer ûnder it plak.
[bewurkje seksje] Boarn
- H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Utrecht, 2000, s. 310.