Spannum
Ut Wikipedy
Spannum is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, noard fan Wommels. It doarp hat likernôch 240 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Spannum diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.
Troch de rêst en it sicht op de tsjerke mei sealdaktoer út de 17e ieu, it authentike skoalgebou en it skoalmasterhûs waant men him wer yn eardere tiden. It wie, yn de jierren 1840 oant 1855, it wenplak fan de bekende Fryske folksskriuwer Waling Dykstra.Oare monumintale pânen binne: de âlde kostskoalle (1878), de eardere naaiskoalle (1913), de Herfoarme Pastorije en in kreaze kop-hals-romppleats út de 19e ieu.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Spannum hat mei Itens ien feriening foar Doarpsbelang en Folksfeesten dy't gearkomsten hat yn Us Gebou. Oan de Tsjerkebuorren stiet skoalle De Tarissing mei pjutteboartersplak De Pikestjelp. Om de fjirtjin dagen is der âldereinsoas yn Us Gebou.
[bewurkje seksje] Ferienings
- toanielferiening
- It Griene Lekken - biljerten
- Oranje - muzyk
- kf Spannum - kuorbaljen
- la Cible - jeu de boules
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Bonkwerterreed, Felsumerleane, Laakwerterwei, Lytse Buorren, Pôle, Swachlumerleane, Sybrand Roordastrjitte, Tsjerkebuorren, Waling Dykstrastrjitte, Wyniastrjitte.