Itens
Ut Wikipedy
Itens is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, east fan Wommels. It doarp hat likernôch 240 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Itens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.
Itens wurdt al yn 1381 neamd; it hiet destiids Ytzinze. Omdat by it ôfgraven fan de terp saneamd Harpstedter ierdewerk fûn is, hat it plak om it begjin fan de jiertelling hinne al bewenne west.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
De doarpen Hinnaard, Itens, Lytsewierrum en Rien dogge in soad meiïnoar, se hawwe ek ien feriening foar doarpsbelang. Yn it sintrum fan Itens stiet doarpshûs/kafee "De Lytse Fjouwere". Hjir stiet gearwurkingsskoalle "De Romte". "Yn 'e Golle" is de boarterstún. Yn de njoggentiger jierren ferdwûn de lêste winkel fan it doarp.
[bewurkje seksje] Ferienings
- twa biljertferienings
- toaniel
- keatsen
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Aenkommewei, De Nijstêd, De Tuolle, De Tsjems, Hearedyk, Iewei, It Sân, It String, Itingewei, Singel, Tsjerkebuorren.