See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Slach by Warns - Wikipedy

Slach by Warns

Ut Wikipedy

De tinkstien op it Reaklif mei op de eftergrûn de Sudermarpolder
De tinkstien op it Reaklif mei op de eftergrûn de Sudermarpolder

Grif sille in soad minsken by it hearren fan de Slach by Warns fuortendaliks tinke oan de rigel 'leaver dea as slaef'. Dizze rigel is te finen op de tinkstien op it Reaklif by Warns, dêr't elts jier op de lêste sneon fan septimber de 'Slach' betocht wurdt.

Op 26 septimber 1345 kaam in grutte float ûnder lieding fan Greve Willem fan Henegouwen en Hartoch Jan fan Beaumont út Hollân nei Starum ta, om Fryslân te feroverjen. Earst Starum mar ris, wie it doel, om't men tocht dat fan it Sint Odulphuskleaster in moai fort te meitsjen wie. Om't de boaten sa fol sieten mei minsken en proviand, hiene de ridders harren hynders thús litten.

Dêr't Beaumont goed oan lân kaam en al gau by it kleaster wie, rûn it mei Fan Henegouwen in stik minder goed. Hy soe mei syn mannen fan de oare kant ôf nei Starum komme. It ferlitten Laaksum waard yn'e brân stutsen, krekt lykas Warns. Dy fan Laaksum en Warns soene wol yn Starum wêze, moat Willem tocht hawwe. Mar ynienen wiene de Warnsers oeral en foelen de ridders yn harren harnassen, dy't sa sûnder hynders mear lêst as gemak wiene, oan. Werom nei Laaksum koe net, dêr wie't ek ynienen allegear folk. Der wie noch mar ien útwei, mar dat bliek de 'Ferkearde wei' te wêzen. Dy liedde net nei Starum, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In soad soldaten kamen om, ek Greve Willem.

Doe't de mannen fan Beaumont it hearden, rekken se yn panyk en besochten mei de boaten wer nei de oare kant fan de Sudersee te flechtsjen. Dat slagge úteinlik in lyts ploechje.

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -