PSV (fuotbal)
Ut Wikipedy
PSV is in profesjonele fuotbalklup út Eindhoven.
PSV is oprjochte op 31 augustus 1913. PSV stiet foar "Philips Sport Vereniging". De klup spilet yn it Philips Stadion, in stadion mei in kapasiteit fan 35.000 taskôgers. Sûnt 1999 is de klub in nammeleaze fennoatskip. Frits Schuitema, berne yn Ljouwert, is foarsitter fan de nammeleaze fennoatskip. PSV hat ien UEFA-Cup, ien JeropaCup I en 8 KNVB-bekers wûn en is 21 kear kampioen fan Nederlân. Sûnt it begjin fan de earedivyzje yn 1956 hat de klub dêryn betelle fuotbal spile.
Jan Kromkamp, berne yn Makkingea en âld-spiler fan SV THOR, stiet ûnder kontrakt by PSV.
[bewurkje seksje] Tenu
De klaaiïnge fan PSV bestiet foar de thúswedstriden út in read-wyt shirt yn fertikale baan, in swarte broek en read-wite sokken. It tenu foar de útwedstriden bestiet út in wyt shirt, wite broek en wite sokken.
[bewurkje seksje] Topskorer aller tiden
- Willy van der Kuijlen, 308 doelpunten, yn 528 wedstriden, yn de perioade 1964 - 1981