Makkingea
Ut Wikipedy
|
Makkingea is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, west fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 1042 ynwenners. Makkinga wie oant 1886 haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Hjirnei is Easterwâlde it haadplak wurden. Der wurdt meast Stellingwerfsk praten. By it doarp lizze de buorskippen Bûteheidefjild, Leechduerswâld, Twitel en Fenebuorren.
It is in âld brinkdoarp dat eartiids in soad te lijen hie fan oerstreamingen fan De Tsjonger. De Brink waard brûkt om kij en skiep by inoar te bringen en der stie ek in pomp. Bytiden waard it ek brûkt om it waskguod te bleekjen. Makkingea lei nei 16 maaie 1914 oan de tramline Easterwâlde-Stienwyk. Hjir waard allinnich fracht mei ferfierd.
Der is in museum foar âld ark mei de namme "Oold Ark". Hjirneist stiet mole De Weyert. Der itiet in âlde nôtmole út 1925 dy't yn 1971 restaurearre is. Ek stie hjir earder in koperative molkfabryk "De Iendracht". Op it âlde stee stiet no it keunstwurk De Iendracht yn de foarm fan in hege piip.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ferskaat
- By Makkingea leit it motorreesterrein Prikkedaam.
- Kuinderloo is in naturistenkamp fan Lotus mei in natuercamping.
[bewurkje seksje] Mienskip
Oan de Oosterhuiswei stiet it Doarpshûs. Elke lêste sneon fan de moannen maart o/m oktober wurdt in grutte iepenloft-rommelmerk hâlden. It doarp hat in basisskoalle en der is noch in winkel. Yn 2008 fiert it doarp har 600-jierrich bestean.
[bewurkje seksje] Ferienings
- ‘t Ontluikend Bloempje - toaniel
- Crescendo - fanfare
- MOP - Makkingeaster Aldjiersploech
- SC Makkingea - kuorbal en fuotbal
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Berne yn Makkingea
- Edo Johannes Bergsma, boargemaster fan Enschede
- Jan Kromkamp, fuotballer fan PSV
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Strjitten
Bakkerskamp, Balkwei, Bercoperwei, Brink, Bûterheidefjild, Ceresstrjitte, De Harken, Kúnderwei, Leechduerswâlde, Lyclamawei, Master Bergsmastrjitte, Middelburen, Oosterhuiswei, Prikkedam, Tronderwei, Twitel, Van Brederodestrjitte, Veneburen, Wemewei.