Jan Kromkamp
Ut Wikipedy
Jan Kromkamp (Makkingea 17 augustus 1980) is in fuotballer dy't op dit stuit (2007) ûnder kontrakt stiet by PSV Eindhoven.
Kromkamp waard berne yn Makkingea, mar groeide it grutste gedeelte fan syn jeugd op yn Apeldoorn. Hy spile yn syn jeugd by AGOVV en waard skoute troch Go Ahead Eagles. Hy makke syn debút yn it profvoetbal op 12 septimber 1998 yn de wedstryd Go Ahead Eagles - TOP Oss 3-0, wêrin hy nei 72 minuten ynfoel foar Hendrie Krüzen.
Nei in goede perioade by "De Eagles" waard hy opmurken troch AZ wêr't hy definityf trochbruts. Op 18 augustus 2004 tsjin Sweden (2 - 2) makke hy syn debút foar it Nederlânsk alvetal. Hy hat no 11 ynterlâns spile. Yn de simmer fan 2005 makke Kromkamp de oerstap nei it bûtenlân. Hy tekene in kontrakt by de Spaanske club Villarreal CF dat him foar de UEFA Champions League pleatst hie.
By Villarreal CF kaam Kromkamp net folle oan spyljen ta. Yn decimber 2005 tekene hy in kontrakt by Liverpool FC. Foar dy club makke hy syn debút op 7 jannewaris 2006, yn in útwedstryd tsjin Luton Town FC yn de FA Cup. Neidat hy ek by Liverpool FC op in sydspoar belanne wie, wie der fanút Nederlân belangstelling fan PSV, wêr't hy iun kontrakt foar fiif seizoenen tekene. By PSV wûn hy yn syn earste seizoen daliks de lânstitel.
Op 26 maaie 2007 waard Jan Kromkamp, nei ôfrin fan in freonskiplike wedstryd op in parkearterrein mishannele troch in oantal manlju.
[bewurkje seksje] Earelist
- FA Cup 2005/2006 (Liverpool)
- Earedivyzje 2006/07 (PSV)