Middelseeferbân
Ut Wikipedy
It Middelseeferbân is sûnt 1 desimber 2005 de namme dy't brûkt wurdt om it bestjoerlik gearwurkingsferbân tusken de saneamde Middelsee gemeenten oan te tsjutten, te witten de gemeenten It Bildt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel. De namme ferwiisd nei de eardere Middelsee, dêr't alle fjouwer gemeenten ynpoldere gebiet fan hawwe.
Earder waard dit gearwurkingsferbân ek wol oantsjutten as de G4-gemeenten. Dit wie lykwols net sa handich, omdat ek de fjouwer grutste Rânestêdgemeenten, Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utert, meiïnoar sa oantsjutten waarden.