Mûnein
Ut Wikipedy
Mûnein is in doarp yn it noarden fan de gemeente Tytsjerksteradiel, east fan Oentsjerk yn de Trynwâlden. It doarp hat likernôch 701 ynwenners (2006). Oant 1953 wie Mûnein in part fan Oentsjerk. It doarp krige syn namme troch in mole dy't der yn 1611 al stie.
Mûnein rekke yn 1953 bekend troch de berte fan de siameeske twilling Folkje en Tjitske de Vries, berne op 8 novimber 1953. Se waar op 12 juny 1954 operatyf fan elkoar skieden yn it Diakonessenhûs yn Ljouwert. Se wienen de earste siameeske twilling wêrmei't dat yn Fryslân en Nederlân barde.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Monumint
Oan de Halligen stiet in monumint fan Jan Faber dat de Skandinavyske lannen Noarwegen, Sweden en Finlân foarmet. De stiennen dy't allegear yn it streamgebiet fan de Bouwe Pet fûn binne, binne samle troch Jan Faber sels. Se lizze allegear op harren oarspronklike plak yn it lân fan werkomst lein. De iepening fan it monumint betsjutte tagelyk de ôfsluting fan de Ruilverkaveling.
[bewurkje seksje] Mienskip
Op fersyk fan Doarpsbelang yn 1948 krige Mûnein yn 1953 de doarpsstatus en kaam los fan Oentsjerk. Oant dan wie it wenst dat de doarpsstatus jûn waard oan plakken mei in tsjerke en dat hie Mûnein net. Omdat der wol in kafee, in skoalle en ferienings wienen waard de status dochs ferliend troch Tytsjerksteradiel. De basisskoalle hjit It Kruirêd. It doarp docht in soad dingen yn'e mande mei Readtsjerk.
[bewurkje seksje] Ferienings
- It Nije Doarp - toaniel
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- It Thomashûs is in hûs foar gehandicapten en sit yn de eardere flaaksfabryk oan de Swarte Broek en is troch de hege skoarstien fan fierôf te sjen.
[bewurkje seksje] Strjitten
Dokter Kijlstrawei, Earnebuorren, Flaaksikkers, Flokhernepaad, Halligenwei, Jelte Binneswei, K Rienewerfstrjitte, Kaetsjemuoi Wei, Mûnewei, Ottemawei.