Oentsjerk
Ut Wikipedy
Oentsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, mei 1.761 ynwenners (1 jannewaris 2006). Oentsjerk leit oan de N361, tusken Aldtsjerk en Gytsjerk. Fia de Oentsjerkster Feart is it ferbûn mei De Moark.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Oentsjerk is ûntstien op it sân fan de Trynwâlden. Yn de 12e ieu hie it doarp al in tsjerkje fan dowestien, dy 't sirka 1230 troch de hjoeddeiske tsjerke ferfongen is. It doarp lei nei alle gedachten yn dy tiid by de tsjerke. Letter is it lykwols in lintdoarp de Wâlddyk bylâns wurden.
De sângrûn makke in boskgebiet mooglik. Ferskate aadlike geslachten hawwe dêrom by it doarp states mei grutte parken boud. Sirka 1450 waard benoarden it doarp Eysingastate boud, dat lykwols yn 1759 ôfbrutsen is. Sirka 1500 waard oan de eastkant fan it doarp Heemstra State oanlein, dat oant de santiger jierren fan de 20e ieu bestien hat, mar doe ôfbrutsen is en ferfongen troch it âldereinsintrum Nij Hiemstrastate. Oan de noardein fan it doarp stiet sûnt yn alle gefallen de 17e ieu Stania State. Benoarden fan de state rint in âld boskpaad, De Reade Singel, en steane de boskjes Grikelân en Turkije.
Yn it eastlik part fan de himrik ûntstie yn de 19e en 20e ieu in aparte buorskip, sûnt 1948 it selstannige doarp Mûnein.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn Oentsjerk sit in ôfdieling fan PTC+.
[bewurkje seksje] Keunst
Yn Oentsjerk stiet sûnt 1986 yn stânbyld fan Tryntsje-muoi en har sân soannen, makke troch Annet Haring.
[bewurkje seksje] Mienskip
Oentsjerk hat gjin doarpshûs, mar wol in feriening foar Doarpsbelang. De skoallen fan it doarp hjitte De Opstap en De Paadwizer. De Koeketromp is de doarpskrante.
[bewurkje seksje] Ferienings
- kf DFD - kuorbal
- Trynwâldster Boys - fuotbal
- vv Oentsjerk - fuotbal
- De Bazuin - brassband
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 1.784
- 2003 - 1.750 (sirka)
- 1973 - 1.012
- 1969 - 782
- 1964 - 659
- 1959 - 705
- 1954 - 698 (sûnder Mûnein)
- 1913 - 1.197
- ±1845 - 720
[bewurkje seksje] Strjitten
Andringasingel, De Dobbe, De Finne, De Greide, De Ikker, De Jister, De Kamp, De Mieden, Dokter Kijlstrawei, Douweleane, Frisiastate, Heemstrasingel, Hofwegen, Jan de Wittstrjitte, Rengerswei, Sanjesreed, Staniasingel, Uniasingel, Van Haersmasingel, Wynserdyk.