See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Konstans I - Wikipedy

Konstans I

Ut Wikipedy

Konstans I
Konstans I

Flavius Iulius Constans (320 of 323 - 18 jannewaris 350), (Frysk: Konstans I), wie in Romeinske keizer fan septimber 337 oant 18 jannewaris 350.

[bewurkje seksje] Skiednis

Konstans wie de tredde en jongste soan fan Konstantyn de Grutte en syn frou Fausta. Oer syn jeugd is net folle bekend. Op 25 desimber 333 waard hy beneamd as Caesar troch syn heit.

Yn september 337, krekt nei de dea fan Konstantyn de Grutte, kamen Konstans en syn aldere bruorren Konstantyn II en Konstantius II by inoar om it Romeinske Ryk tusken haren trijen te ferdielen. Konstans krige Itaalje, Afrika, Illyrikum, Masedoanje en Achaea.

De trije bruorren hienen it ryk ferdield, mar gunden inoar it ljocht yn de eagen net. Geregeld besochten sy inoars gebieten ôf te pakken. Yn 340 foel Konstantyn it lân fan Konstans yn. Dizze hie lykwols mear ferstân fan fjochtsjen as syn âldere broer en koe him ferslaan by Akwuileia. Konstanyn stoar en Konstans pikte syn gebiet yn. Fierder hie Konstans aardich wat súksessen tsjin ferskate barbaarske folken.

As keizer wie Konstans minder; alhoewol't hy syn earste jieren frij evenredich wie, waard hy letter in tiran. Om safolle mooglik jild yn te heljen, ferkocht hy amten oan de heechste bieder. Ek die hy in soad oan freonepolityk.

Yn 350 ferklearre generaal Magnentius him ta keizer Yn Galje. Konstans flechte foar him, mar waard fêstnommen en fermoarde.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -