Istanbûl
Ut Wikipedy
Istanbûl | |
---|---|
Lokaasje yn Turkije | |
Tiid sône : UTC +1/Simmer UTC +2 |
|
Flagge | Wapen |
Basis ynformaasje | |
Gebiet | 1,538,77 km² Stêd |
Populaasje | 10,034,830 (2006) |
Tal ynwenners km² | 6,521 |
seenivo | 40 - 100 m |
Regear | |
Lân | Turkije |
Provinsje | Istanbûl |
Administratife yndieling | 27 distrikten |
Boargemaster | Kadir Topbaş |
Webside | Istanbul Portal |
Istanbûl hiet yn it ferline ek wol Byzantium en Konstantinopel. De stêd hie eartiids de namme Tsargrad yn de Slavyske talen. Istanbûl is de grutste stêd fan Turkije mei likernôch 8,5 miljoen registrearre en 3 miljoen net-registrearre ynwenners. De stêd hat 27 distrikten, dy't meiïnoar de haadstêd fan de provinsje Istanbûl foarmje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
Istanbûl leit oan de Gouden Hoarn en de Bosporus. De Bosporus ferbynt de Swarte See en de See fan Marmara, hjir rint de Jeropeesk Aziatyske grins. De stêd Istanbûl leit sawol yn Jeropa as yn Aazje. Mei in ynwennertal fan likernôch 11,5 miljoen ien fan Jeropa's grutste stêden.
[bewurkje seksje] Skiednis
De orizjinele namme wie Byzantion yn it Gryksk, en hie Byzantium as Latynske namme. Byzantium wie oan de begjin in koloanje fan Griken út Megara yn 667 f. Kr., en krige de namme fan harren kening Byzas. Yn 196 n. Kr. wie Byzantium ferneatige troch de Romeinen, en dêrnei wer opboud troch de keizer fan it Romeinske Ryk Septimius Severus. Konstantyn de Grutte fûn dizze lokaasje gaadlik om in nije Romeinske stêd te bouwen, en yn it jier 330, waard Byzantium de nije haadstêd fan it Romeinske Ryk. De stêd krige de namme fan Konstantyn de Grutte Konstantinopel (Konstantinopolis yn it Gryksk).
Doe't it Romeinske Ryk opdield waard yn twa dielen, it East Romeinske Ryk wie ferneamd as it Byzantynske Ryk, hjir wie de haadstêd Konstantinopel. Alhoewol't de stêd feroare waard troch Krúsfarders foar in skoftsje, bleau Konstantinopel syn politike, kulturele, religjeuze en ekonomyske funksje behâlde. De ein fan it âlde Konstantinopel kaam doe't de Ottomanen de stêd yn 1453 feroveren.
Nei de ein fan it Ottomaanske Ryk, waard de Republyk fan Turkije stifte mei de nije haadstêd Ankara.
[bewurkje seksje] Berne yn Istanbûl
- Emre Belözoğlu (1980), fuotballer
- İsmail Cem (1940-2007), sjoernalist en politikus
- Bülent Ecevit (1925-2006), politikus
- Recep Erdoğan (1954), politikus
- Tchéky Karyo (1953), Frânsk akteur
- Elia Kazan (1909-2003), filmregisseur
- Arif Mardin (1932-2006), Turksk-Amearikaansk musykprodusint
- Orhan Pamuk (1952), skriuwer en Nobelpriiswinner
- Mustafa Sandal (1970), popsjonger