See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Hamlet - Wikipedy

Hamlet

Ut Wikipedy

Hamlet, Prins fan Denemark is in trageedzje fan William Shakespeare, dy’t hy earne tusken de jierren 1600 en 1602 skreaun hat.

Yn ien fan ‘e monologen sprekt Hamlet de faak oanhelle wurden to be or not to be, that’s the question (te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach) - akte III, sêne 2.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Beskriuwing

It stik is, wat it oantal rigels oanbelanget, it langste toanielstik fan Shakespeare (3929 rigels).

[bewurkje seksje] Sjenre

De earste kwatrinen fan "To be or not to be"
De earste kwatrinen fan "To be or not to be"

Hamlet wurdt rekkene ta de Wrekerstrageedzjes, mar ien fan de opfallendste saken yn it stik is júst dat Hamlet mar min ta wraak en oare foarmen fan aksje komme kin. Yn syn sielestriid freget er him dan ek ôf oft er no better libje (“to be”) as stjerre (“not to be”) kin.

[bewurkje seksje] Tema en Motiven

Hoewol’t wraak (of it ûnfermogen dêrta) in wichtich tema is, binne der noch oare belangrike motiven:

  • Famyljerelaasjes
  • Relaasjes tusken beminden en freonen
  • Spoeksels
  • Dwylsin (sabeare waansin fan Hamlet en de wiere gekte fan Ophelia)
  • Moard en selsmoard

[bewurkje seksje] Ferhaal

It toanielstik spilet yn Elsinore, Denemark. Prins Hamlet is de soan fan kening Hamlet, dy’t twa moanne ferlyn stoarn is. Claudius, de broer fan de kening, hat de troan fan Denemark bestige en hy is frij gau nei de begraffenis troud mei syn skoansuster, de widdo Gertrude. De jonge Hamlet kin mar net begripe dat syn mem sa gau wertroud is en hy fermoedet dat syn omke syn eigen broer ombrocht hat om sels kening te wurden.

Op in nacht ferskynt de geast fan de heit fan Hamlet oan syn soan en hy fertelt him dat hy yndie fermoarde is troch Claudius. Dy hat nammentlik gif yn syn ear jitten, doe’t hy lei te sliepen. De geast ropt Hamlet op om wraak te nimmen op syn omke, mar hy moat syn mem mei rêst litte, want dy is ûnskuldich.

De prins rint yn syn swarte rouklean troch it kastiel om en hy sint op wraak. Mar tagelyk wifelt er: kin hy it tsjûgenis fan in spoek fertrouwe? Hy beslút om krekt te dwaan oft er gek is. Claudius, Gertrude en harren riedsman Polonius fertrouwe de boel lykwols net en litte Rosencrantz and Guildenstern, twa stúdzjefreonen fan Hamlet, oerkomme om him te bespionearjen. Hamlet trapet der net yn en bliuwt gek dwaan tsjin harren en ek tsjin Ophelia, de dochter fan Polonius, dêr’t er fereale op wie.

Dan komt der in selskip fan omreizgjende toanielspilers oan by it Deenske hof. Hamlet freget harren om de dea fan syn heit nei te spyljen. Hy hopet oan de réaksje fan Claudius op it toanielstik sjen te kinnen oft de geast de wierheid sprutsen hat. Claudius rint lilk fuort en no is Hamlet wis fan ‘e saak. Keninginne Gertrude wol nei de foarstelling in petear ha mei Hamlet op har sliepkeamer, wylst Polonius dêr efter de gerdinen ferstoppe sit om harren yn ‘e gaten te hâlden. Hamlet ferwyt syn mem dat se sa hastich mei Claudius troud is. Dan heart hy in lûd en hy tinkt dat it syn omke is. Hy stekt mei syn swurd dwers troch de gerdinen hinne en deadet sa troch ûngelok Polonius.

Claudius stjoert Hamlet nei Ingelân mei it doel om him dêr fermoardzje te litten. De 'freonen' fan Hamlet, Rosencrantz en Guildenstern, beselskipje de prins. Sy hawwe in brief foar de kening fan Ingelân fan Claudius meikrigen, dêr't syn fersyk yn stiet om Hamlet te deadzjen. Hamlet fynt lykwols it brief en hy feroaret syn eigen namme yn de nammen fan Rosencrantz en Guildenstern. Sawaande mislearret it plan fan Claudius en Hamlet komt werom nei Denemark.

Yn ‘e tuskentiid is Laertes, de soan fan Polonius, út Frankryk wei kaam en ek nei Denemark reizge om de dea fan syn heit te wreken. Ophelia, syn suster, is gek wurden fan fertriet fanwegen de moard op Polonius troch har beminde Hamlet. Se falt yn it wetter en fersûpt. Of hat se faaks harsels te koart dien? Laertes en Hamlet komme inoar tsjin op ‘e begraffenis fan Ophelia.

Claudius en Laertes beslute om Hamlet te deadzjen. Se organisearje op it kastiel in ‘freonskiplik’ duel mei it rapier. Laertes hat lykwols in rapier dêr’t fergif op smard is. Boppedat docht Claudius gif yn ‘e oerwinningsbeker, foar it gefal dat Hamlet winne soe. It giet lykwols hielendal mis: Gertrude drinkt it gif en Hamlet, Laertes en Claudius wurde mei it rapier fergiftige.

As Hamlet as lêste ferstoarn is komt Fortinbras, de prins fan Noarwegen op it kasteel oan. De lêste oerlibjende, Hamlet's freon Horatio, begjint him te fertellen wat der bard is, dat Hamlet net fergetten wurde sil.

[bewurkje seksje] Eftergrûnen

Shakespeare hie in jonkje, Hamnet, dat net âlder as elf jier wurden is. Der wurdt oannaam dat dat foar him de grûn wie om it ferhaal fan Amleth te bewurkjen. Dat ferhaal wie al mear ferteld yn Ingelân, mar giet werom op de skiednis fan Denemark troch Saxo Grammaticus. It skiednis is noch âlder en stamt mûglik fan de Witsings yn de Britske eilannen.

Grammaticus fertellet fan Amleth, soan fan Horwendil fan Jutlân en Geruta fan Denemark. Ek by Grammaticus spilet Amleth foar gek om him op syn omke, Fengon, wreke te kinnen, dy't syn broer Horwendil fermoarde hat en mei Geruta troud is. Nei't er in freon fan Fengon dea stutsen hat, dy't him efter in gerdyn ferskûle, besyket Fengon him kwyt te reitsjen troch him nei Ingelân te stjoeren om dêr fermoarde te wurden. Amleth komt lykwols werom, en stekt syn omke dea mei dy syn swurd. Alle oaren stjerre at er de burcht delbarnet.

Yn de ferzje fan Grammaticus is de Ingelske perioade fierder útwurke, en Amleth giet ek wer werom nei Ingelân dêr't er noch in twadde tsjinstanner fynt. It ferhaal fan Shakespeare is dúdlik koarter, mar noch altiten tige lang. Der moat oannaam wurde dat Shakespeare dat ek wist, mar it net feroarje koe. Om't der net in soad bekend is oer wat Shakespeare die yn de tiid dat er Hamlet skreau, is wol útsteld dat er yn de tiid wier oan it Deenske hof west hat en dat yn it ferhaal in wiere Deenske trageedzje ferhoalen is. Der binne lykwols net in soad bewizen foar.

It Deenske hof wie de yn Shakespeare syn tiid noch nije Kroanboarch yn Helsingor. Kroanboarch bestiet hieltiid noch en alle jierren wurdt der in rige opfierings fan Hamlet holden.

[bewurkje seksje] Neifolgers

Ferskate lettere skriuwers hawwe Shakespeare syn Hamlet wer fierder bewurke. Under oaren hat Tom Stoppard de komeedzje Rosencrantz and Guildenstern are Dead skreaun, dêr't dy twa figueren út Hamlet de haadrol yn hawwe wylst de prins fan Denemark yn byrol hat.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

  • HyperHamlet - research project at the University of Basel (English)


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -