See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Gerolf - Wikipedy

Gerolf

Ut Wikipedy

Gerolf fan West-Fryslân (Fresia) wie in Fryske greve út de 9e ieu dy't ûngefear hearske tusken 850 en 890. Hy wurdt sjoen as de stamheit fan de lettere Hollânske greven.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Namme en Greefskip

De namme wurdt ek wol skreaun as Gerulf, soms mei de tafoeging “fan Kinmerlân” of mei “fan Hollân”. Syn krekte ôfkomst is net bekend, wol binne der oanwizings dat er in neisiet is fan de Fryske kening Redbad. Mei it gebiet dat er de bewâld oer hie is it alyksa. Ek hjir is it net hielendal dúdlik wêr it leit, mar Kinmerlân likket it meast wierskynlik. De tafoeging “fan Hollân” is (krekt as “fan Kinmerlân”) fan lettere datum. De earste greve dy't ofsjeel greve fan Hollân neamd waard wy Floris II yn 1101.

Greve Gerlof bestjoerde oarspronklik út namme fan de Frankyske kening Arnulf in goagreefskip yn it gebiet dêr't de Friezen wennen. Yn 889, nei de moard op Godfried de Wytsing, is oer him optekene dat hy lân besiet yn de tsjintwurdige provinsje Noard-Hollân dat yn die tiid West-Fresia hiet. Hy hie in rjocht fan fiskerij oan de Rynmûning en beskikte ek oer besittingen yn Teisterbant.

[bewurkje seksje] Wytsingen

Althoewol't it greefskip fan Gerlof sûnt it ferdrach fan Ferdun ûnderdiel wie fan it Eastfrankyske ryk, hienen de Wytsingen it dêr feitlik foar it sizzen. Hjir kaam pas in ein oan troch de moard op Godfried de Wytsing op 4 augustus 885, dêr't Gerolf de hân yn hie. As beleanning foar syn wichtige rol by it ferdriuwen fan de Wytsingen krige hy fan de kening in oantal besittingen tawiisd bûten syn greefskip yn Teisterbant en in gebied tusken Bennebroek en de Alde Ryn.

[bewurkje seksje] Opfolging

Greve Gerolf wie de heit fan Durk I en Waltger. Beide soannen wienen ek greve. Durk I fan Hollân en Waltger fan Teisterbant.

[bewurkje seksje] Boarne

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 109, 112 (Grevenammen).


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -