Focko Ukena
Ut Wikipedy
Focko Ukena (1370 ? -1435) wie in Eastfryske haadling dy’t in wichtige rol spile hat yn de striid tusken de Skieringers en Fetkeapers yn de provinsjes Grinslân en Fryslân. Dêrneist wie hy ien fan de liedende figueren yn it ferset tsjin it festigjen fan landhearlik gesach yn East-Fryslân troch it geslacht tom Broke.
[bewurkje seksje] Fryske frijheid
Yn it noarden fan it tsjintwurdige Nederlân, rûchwei de hjoeddeiske provinsjes Grins en Fryslân, bestie yn de 14e ieu feitlik gjin lânhearlik gesach. Dat gou ek foar it oanswettende East-Fryslân. Dat ûntbrekken fan in heger, sintraal gesach wurdt oantsjutten as it tiidrek fan de Fryske Frijheid. Dy frijheid waard fanút meardere kanten bedrige.
Yn it East-Fryslân fan no besocht it geslacht tom Broke in lânseigen dynasty te festigjen. Yn wat tsjintwurdich de Nederlânske provinsje Fryslân is besochten de greven fan Hollân harren ynfloed út te wreidzjen. Ek de stêd Grins woe har macht hieltyd fierder útwreidzjen. Dêr trochhinne spile de striid tusken Skieringers en Fetkeapers.
[bewurkje seksje] Rol fan Ukena
Ukena wie ynearsten legeroanfierder fan Keno tom Broke. As legeroanfierder fersloech hy yn 1417 Sicka Sjaerda by Noardhorn en oermastere hy yn 1418 Dokkum. Nei it weroverjen fan Dokkum troch de Skieringers lanne hy by Hylpen en fersloech de Skieringers (oan de Palesleat).
Hy naam Starum yn en belegere Sleat, mar waard troch troepen fan Jan van Beieren, de greve fan Hollân, ta wiken twongen yn 1420. Ukena ûndertekene op 1 febrewaris 1422 as earste de Frede fan Grins tsijn alle frjemde lânhearen. Hy striid dêrnei mei de Hanzeaten tsjin de Likedelers en ferdriuwt dy út Iezumasyl en Dokkum. Letter keart hy him tsjin tom Broke en is benammen aktyf yn it hjoeddeiske East Fryslân.
Hy slagget der net yn tom Broke te wjerstean en lûkt him úteinlik werom op de boarch Dykhúzen by Appingedam, dy’t eigendom is fan syn twadde frou. Dêr stjert hy yn 1435. Syn ferset hat der wol ta laat dat de tom Brokes it sa winske greefskip net ferkrigen hawwe.