See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Iezumasyl - Wikipedy

Iezumasyl

Ut Wikipedy

Iezumasyl is in buorskip yn de gemeente Dongeradiel en leit yn de himrik fan Eanjum.

[bewurkje seksje] Untstean

By Iezumasyl komt de Suderie, in âlde seeslink, út yn de eardere Lauwerssee. Al yn 11e ieu moat dêr in slûs west hawwe, mar folle is dêr net oer bekend. Om 1670 hinne waard de syl by Eastrum ôfsletten. Dat besjutte dat East-Dongeradiel in nij plak sykje moast foar de ôfwettering. De kar foel op Iezumasyl. De Steaten besletten om dêr in nije slûs te bouwen.

De slús fan Iezumasyl
De slús fan Iezumasyl

De dyk waard ek ferlein sa dat der nij lân kaam. Yn 1671 waard mei it wurk útein setten. It tafersjoch kaam yn hannen fan Michaël Baron van Schwartzenberg en Hohelandsberg, grytman fan Dantumadiel, en Philip Vegelin van Claarbergen, grytman fan Haskerlân. Der waard ek in goede ôfspraak makke oer de kosten. It gie oars faak sa dat men de lêsten foar de ôffier fan it wetter eins net betelje woe, want dat waard beskôge as in saak foar harren dy't ticht by de slûs wennen.

[bewurkje seksje] Feroarings oan de syl

Yn 1745 is de slûs fernijd en op 'e nij yn 1931 om't der doe in nij elektrysk gemaal delsetten waard. It gemaal De Dongeradielen moast der foar soargje dat de Dongeradielsters droege fuotten holden. De arsjitekt Booijenga hat der in kreas bouwurk fan makke.

Doe't yn 1969 de Lauwerssee Lauwersmar waard, feroare de funksje fan de syl as seekearing. Om’t it wetterpeil yn de Lauwersmar leger leit as op de Fryske boezem is de skutsslûs bleaun.

It gemaal is sa bleaun as yn 1930. Allinne yn 1979 waard it automatisearre. As it wetter op in bepaalde hichte stiet, beginne de pompen te wurkjen.

[bewurkje seksje] Namme

Iezumasyl hat syn namme krigen fan in earder buorskip Iezumabuorren. Dat moat dan syn namme wer krigen hawwe fan de ferneamde stêd Esonstêd. Of dy stêd der wier ea west hat is lykwols net wis.

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -