See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Boereswel - Wikipedy

Boereswel

Ut Wikipedy

Boereswel
Ofbyld:Boereswel.png
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Swellen (Hirundinidae)
soarte
Hirundo rustica

De Boereswel (Hirundo rustica) is in lytse trekfûgel, dy't by't maaitiid nei it noarden giet. Lykas alle swellen, hat ek de boereswel in sierlike flecht. De lange flerken en it ranke liif binne syn wapens yn de jacht op ynsekten. De lange útstekkende bûtenste sturtfearren binne yn de flecht faak goed te sjen. De boereswel is fan de hússwel te ûnderskieden troch it wat krêmeftige ûnderliif, dêr't de hússwel in wyt ûnderliif hat. Ek sit de boereswel gereld yn groepkes op triedden, wylst de hússwel allinne foar it sammeljen fan nêstmateriaal oan de grûn komt.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Oare namme

De Boereswel wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Boeresweal.

[bewurkje seksje] Uterlik

De boereswel hat in lingte fan likernôch 19 sm, de sturt meirekkene. Dy sturt is foarkefoarmige, mei lange bûtenste sturtfearren. Oan de boppekant is de fûgel glânzjend blauw, ûnder krêmkleurich wyt; syn foarholle en kiel binne read-brûn, de kropbân is blauwswart en de snaffel is swart.

[bewurkje seksje] Biotoop

De boereswel hat in foarkar foar agraryske gebieten, mar komt ek foar oan de râne fan stêden en doarpen. Boereswellen briede meast yn skuorren en loadsen en ûnder brêgen. Yn tiden dat sokke lokaasjes noch net beskikber wiene, brûkten se kliffen en grotten as briedplak.

[bewurkje seksje] Ferspriedingsgebiet

De boereswel briedt fan Ynje oant Yslân. Ek yn Noard-Amearika komt er foar. De Europeeske boereswellen oerwinterje yn Afrika, de Amerikaanske yn Súd-Amearika. Yn Nederlân is it in algemiene briedfûgel op it plattelân.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -