See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Bekhofskâns - Wikipedy

Bekhofskâns

Ut Wikipedy

De Bekhofskâns is in âlde ferdigeningsskâns út 1623 oan de Linde by it buorskip Bekhof. De skâns komt út de Tachtichjierrige Oarloch en makke diel út fan de Fryske Wetterliny, dy’t troch hiel Súdeast-Fryslân rûn. In lyts part fan de skâns stiet noch oerein.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De skâns waard oanlein tsjin de oanfallen fan de Spanjert Verdugo, mar waard ferneamd yn 1672, doe’t de Bisskop fan Múnster de provinsje Fryslân yn probearre te nimmen. Dit slagge net omdat meardere kearen de oanfallen op de skâns ôfslein waarden.

De Bekhofskâns lei op in wichtich plak foar oanfallen fan bûten út. Wa't de Linde yn besit hie koe in part fan it grinsgebiet ûnder wetter sette troch de Linde ôf te damjen. En om Fryslân fan it suden út oan te fallen moast men wol by de Bekhofskâns del.

It ferdigeningswurk is yn 2002, 2006 en 2007 opknapt troch it Lânskipsbehear Fryslân. Dit barde yn gearwurking mei It Fryske Gea, Steatsboskbehear, de Feriening Histoarje Weststellingwerf, it Doarpsargyf Aldebearkeap en de Stellingwarver Schrieversronte.

[bewurkje seksje] Kanon

Op 23 maaie 1979 waard troch twa bruorren de loop fan in kanon fûn by de skâns. De loop wie likernôch 1,5 meter lang. It kanon kaam út de 17e ieu en wie noch hieltyd yn goeie steat, it hat in gewicht fan sa’n 500 kilo. Hjoed de dei stiet it kanon, mei in ûnderstel, yn de buorren fan Aldeberkeap.

[bewurkje seksje] Iik

By de Bekhofskâns stiet in grutte iik. Neffens de oerlevering is dizze plante nei de ynfal fan it leger fan Múnster. Ek soenen der letter minsken oan ophinge wêze. Oan de betrouberheid fan dizze ferhalen wurdt bot twifele.

[bewurkje seksje] Oars

  • Yn Boyl stiet in kemping mei de namme Bekhofskâns.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -