Steatsboskbehear
Ut Wikipedy
Steatsboskbehear is de natuerbehearder fan de Nederlânske steat. De organisaasje beheart sa'n 246.000 hektare natuergebieten en oare omjouwings yn Nederlân. Steatsboskbehear waard op 21 july 1899 oprjochte mei as doel de oanwêzigens fan bosk te fergrutsjen sadat der hout kapt wurde kin en om sânferstowing keare te kinnen. Hjoed de dei (2008) stiet benammen de rekreative funksje fan de bosk sintraal.
De kearntaken en doelstellings fan Steatsboskbehear binne:
- It behearen, oftewol ynstânhâlden, werstellen en ûntwikkeljen, fan bosk-, natuer-, lânskips- en kultuerhistoaryske wearden yn de gebieten fan Steatsboskbehear
- It befoarderjen fan rekreaasje yn safolle mooglik gebieten fan Steatsboskbehear
- It leverjen fan in bydrage oan de produksje fan milieufreonlike grûnstoffen, lykas hout.
Steatsboskbehear is yn 1998 ferselsstannige. Foartiids foel it fuortendaliks ûnder it Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.