See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Aldeberkeap - Wikipedy

Aldeberkeap

Ut Wikipedy

Aldeberkeap
Himrik fan  Aldeberkeap
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 50
Ynwenners (2006) 1553
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 56' NB, 6° 7' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8421
Webstee {{{webstee}}}

Aldeberkeap of Berkeap (Nederlânsk: Oldeberkoop, Stellingwerfsk: Berkoop) is in brinkdoarp yn de gemeente Eaststellingwerf, by it krúspunt fan de N351 mei de N353. It doarp hat 1.550 ynwenners (1 jannewaris 2006). It doarp leit yn it lân fan de Tsjonger en de Linde.

Om it doarp lizze de Koepelbosk, De Kiekenberch, Molenbosk, Stjerrebosk, de Stuttebosk en de Dellebuersterheide. Tusken Aldeberkeap en Nijeberkeap leit natuergebiet De Dellebueren fan It Fryske Gea.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De namme ‘’Aldeberkeap’’ komt fan broek, dat 'stik greidlân’ betsjut en ope, ôflaat fan ’wetter’. It âlde doarp is ûntstien op de sânrêgen tusken de Linde en de Tsjonger. vormen Berkeap is ien fan de âldste doarpen fan súdeast-Fryslân. It doarp wurdt al yn 1228 neamd yn geskriften as de Fryske striders by Brokope byelkoar komme om Drinte binnen te fallen. Yn 1593 wurdt de Bekhofskâns oan de Linde boud. Aldeberkeap is op dat stuit in strategysk plak om't de Linde in ferdigeningsliny foarmet tsjin de Spanjoalen dy't yn dy tiid Hollân en Fryslân besykje te ûnderwerpen. In part fan de skâns is noch altiten te bewûnderjen en wurdt op dit stuit yn âlde eare hersteld. Ien fan de oerbliuwsels fan it fort stiet midden yn it doarp, in kanon dat yn 1979 fûn waard en skonken is oan de gemeente. Dy hat it wapenmuseum fan Delft in ûnderstel foar it kanon meitsje litten en hat it mids yn 't doarp setten.

Yn 1812 waard Aldeberkeap it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Dy status hat it hâlden oant 1855, doe't Easterwâlde, krekt as tsjintwurdich, it haadplak waard.

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Gebouwen

  • Bonifatiustsjerke -Ien fan de gesichtspunten fan Berkeap is de Bonifatiustsjerke. De tsjerke stiet yn it sintrum fan it doarp. It gebou is sa'n 800 jier ferlyn boud en bestie doedestiids hielendal út dowestien. De tsjerke is boud yn de Romaanske styl. In pear ieuwen letter waard de tsjerke útwreide nei it easten ta. Dit barde yn de goatyske styl. De toer fan de tsjerke is yn 1583 troch de Spanjerts ta ynstoarten brocht. De tsjerke hat om 1600 hinne op 'e nij in toer krigen, mar dy is lytser as de oarspronklike toer.
  • Pastory, yn 1838 boud troch de die grytman fan Eaststellingwerf (Jan Albert Willinge)
  • Fierders falle de twa lânhûzen Vredewoud en Lunia yn it doarp op. De huzen wienen oarspronklik eigendom fan de famylje Willinge Prins.
  • Ek it eardere gritenijhûs 'De Zwaan' is in opfallend gebou yn it doarp. Tusken 1812 en 1855, doe’t Berkeap it haadplak fan de gemeente wie, kaam hjir it gritenijbestjoer byelkoar.
  • It Wapen fan Eaststellingwerf 1837, mei de âlde hynstestal út de tiid fan de postkoetsen.

[bewurkje seksje] Mienskipslibben

Yn gearwurking mei ferieningen en frijwilligersorganisaasjes wol De Byspringer it frijwilligerswerk yn it doarp te fersterkje.

[bewurkje seksje] Ferieningen

  • Sport Vereent - fuotbalclub
  • Lintjo – kuorbal
  • Brocope - hynstesportferiening
  • De Hoek fan Sânwâlden – toanielferiening
  • Berkeaper popkoar
  • De Geitefok – âldjiersferiening fan net-troude manlju

[bewurkje seksje] Eveneminten

  • Berkoper Kuierweekend
  • Berkeaper Merk

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Passantehaven 'De Uutwiek' is bedoeld foar boatsjeminsken dy’t de Turfrûte farre.
  • De Iepen Stâl is in Keunst en Sjochrûte
  • Yn de earste legere Lânbouskoalle fan Nederlân hat Karst Berkenbosch syn eigen festjebûseteater "KijkKarst".
  • It dokumintaasjesintrum fan de Stellingwarver Schrieversronte sit yn in gebou oan de Willinge Prinsstraat 10
  • Yn it Vestzaktheater is binne wol 170 skaakspullen fan Saakje Berkenbosch te sjen.

[bewurkje seksje] Ferneamde Berkeapers

  • Gerrit de Vries - hurdfytser
  • Jan Siebenga - feearts
  • Anita Looper - atlete

[bewurkje seksje] Strjitten yn Aldeberkeap

Alle strjitten yn Aldeberkeap.

[bewurkje seksje] Oer Aldeberkeap

  • Peter Karstkarel- Betovering in architectuur, arsjitektuer-rûte mei 29 beskreaune gebouwen (VVV)
  • K.Bosje en J.J. Spahr van der Hoek -Oldeberkoop (1972)

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

52° 56' NB 6° 8' EL


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -