Arnhim
Ut Wikipedy
Gemeente Arnhim
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Gelderlân | ||||||
Boargemaster | Pauline Krikke (VVD) | ||||||
Haadplak | Arnhim | ||||||
Gebiet - wetter |
101,53 km² - 2 km² |
||||||
Ynwenners | 142.092 | ||||||
Ferkearsieren | A12, A50, N224, A/N325, N784 | ||||||
Netnûmer | 026 | ||||||
Postkoades | 6800-6846 | ||||||
Offisjele webstee | www.arnhem.nl |
Arnhim (Arnhem) (Súd-Geldersk: Ernem) is de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Gelderlân. Arnhim leit oan de rivier de Nederryn. Arnhim hat likernôch 142.000 ynwenners en is dêrmei de twadde stêd fan de provinsje Gelderlân, nei Nijmegen (sa. 160.000). Arnhim heart ta de 15 grutste stêden fan Nederlân. De gemeente Arnhim is in part fan Stadsregio Arnhim-Nijmegen, 722.000 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De stêd krige yn 1233 stedsrjochten fan greve Otto II fan Gelre, de greve fan Sutfen. De krekte tekst hjirfan leit yn it Duvelshûs dat no part is fan it gemeentehûs.
Arnhim is net boud oan de Ryn, mar op it hegerlizzende gedeelte by de Jansbeek. Arnhim ûntstie op it plak dêr't de dyk tusken Nijmegen en Utert/Sutfen him splitste. Sân sprengbeken foarseagen de stêd fan wetter, en pas doe't de rin fan de Rijn om 1500 hinne troch de Arnhimmers ferlein waard kaam Arnhim oan de rivier te lizzen. De stêd groeide en hie yn de 15e ieu omtrint 4000 ynwenners; der kamen in muorre en tuorren om de stêd te ferdigenjen.
Yn 1820 hie Arnhim noch 9000 ynwenners; yn 1859 wie dit oantal groeid ta hast 24.000. Benammen yn de twaddde helte fan de 19e ieu, doe't der goede spoarferbinings kamen, waard it gebiet om Arnhim en Nijmegen tige populêr ûnder de begoedige Hollânske boargerij en pensionearden dy't weromkamen út Nederlânsk-Ynje. Dizze minsken ferhuzen fanút it westen fan Nederlân nei it easten, en makken fan Arnhim in stêd mei elitêre útstrieling. Arnhim waard yn dizze tiid ek wol it 'Haachje fan it Easten' neamd. (It Hearrenfean waard earder ek wol it 'Fryske Haachje' neamd.) Ut dizze tiid komt bygelyks it konsertgebou Musis Sacrum. Doe't de groei wat stagnearre waarden der parken oanlein om toeristen te lûken. Arnhim hat noch altyd moaie parken: Sonsbeek yn it sintrum, Zijpendaal en Klarenbeek yn it noarden, Angerenstein yn it easten en Mariëndaal yn it westen. Mei it protte oare grien hat dit Arnhim de bynamme Parkstêd oplevere.
De stêd is yn de Twadde Wrâldoarloch foar in grut part ferwoaste. De Slach om Arnhim (septimber 1944) is de tragyske skiednis fan Poalske en Britse parasjutisten dy't efter de Dútske linys dropt waarden om de Rynbrêge yntakt yn hannen te krijen; hjirfan komt de útdrukking 'in brêge te fier' dy't ek wol yn it Dútsk oersetten brûkt wurdt. De Britske luitenant-kolonel John Frost wist de brêge te feroverjen, mar de fersterking fan Britske loftlanningstroepen rûn fêst by it Elisabethsgasthûs. It Amerikaanske leger stoppe yn Elst, en de Slach om Arnhim waard ferlern. De Dútsers waarden deabenaud foar in herhelling, en op 24 septimber waarden de 95 tûzen ynwenners fan Arnhim twongen harren stêd te ferlitten. Op de hoeke fan de Apeldoarnskekwei en de Jansbûtensingel, tsjinoer bioskoop Rembrandt is hjirfoar in lytse tinkplaat oanbrocht. De besetters hawwe doe systematysk huzen leechrôfd en de meubels nei ferwoaste stêden yn Dútslân stjoerd. Doe't de Arnhimmers nei de oarloch weromkamen, bliek de stêd fernield en plondere te wêzen. In soad gebouwen yn it historyske stedssintrum, lykas de Eusebiustsjerke, leinen yn pún. De slach om Arnhim wurdt alle jierren betocht by it Airborneplein yn de oprit fan de brêge.
De Rynbrêge is op 16 septimber 1978 omdoopt yn John Frost brêge. In plaquette en de skildering fan de brêge yn de rezjimintskleuren fan de Airbornedivyzje herinnerje oan de striid.
Arnhim hat nei de oarloch mei in soad enerzjy de stêd wer opboud, en is no in libben sintrum fan aktiviteit. Nije wiken lykas Presikhaaf en Malburgen waarden út'e grûn stampt. Omt dizze huzen mei beheinde middels yn koarte tiid boud binne, binne dizze wiken oan in opknapbeurt ta. De stêd wreidet noch hieltyd út op de súdouwer fan de Ryn, der wurdt û.m. wurke oan realisaasje fan 6500 wenten yn de nijbouwyk Schuytgraaf, ûnderferdield yn 25 buerten mei in hiel eigen karakter, tusken it doarp Driel en it spoar nei Elst en nei Nijmegen. Ek by is stasjon wurdt in soad bout.
Arnhim hat as ienige stêd yn Nederlân in trolleybus-systeem yn it iepenbier ferfier.
[bewurkje seksje] Statistyske gegevens
- Oantal ynwenners: 142.2001 (1-1-2006 boarne: gemeente Arnhim)
- Oerflakte: 101,53 km²
- Wetteroerflakte: 2 km²
- Boargemaster: Mw. P.C. Krikke
- Wethâlders: Rita Weeda (PvdA), Sander van Bodegraven (PvdA), Willem Hoeffnagel (PvdA), Cees Jansen (CDA), Barth van Eeten (GrienLinks)
[bewurkje seksje] Bedriuwen
Yn Arnhim stiet it provinsjehûs fan Gelderlân. Teffens is der de rjochtbank fan it arrondissement Arnhim. Dêrtroch is Arnhim fanâlds in amtnersstêd.
Yn Arnhim leit it Business Park Arnhim (it eardere KEMA-terrein); in parkeftich bedriuwsterrein. Op it park steane û.o. it haadkantoar fan de KEMA, it haadkantoar fan de behearder fan enerzjynetten TenneT en in fêstiging fan de Nuon.
Arnhim is de tredde stêd yn Nederlân mei in World Trade Centre. Dit WTC stiet yn it stasjonsgebiet yn de Rijntoer, it haadkantoar fan advysburo Arcadis wurdt hjir ek hinne ferpleatst. Dêrnjonken stiet de Parktoer, dêr't it haadkantoar fan Essent yn sit. Gemy-gigant AKZO Nobel is ek in Arnhim festige, krektas fersekeraar OHRA en it regionale haadkantoar fan de Postbank. Arnhim is dêrom in yndustry- en tsjinstenstêd.
[bewurkje seksje] Utgeanslibben
Arnhem hat in libben útgeansleven, mei in sterk regionale funksje. U.o.. de Koarnmerk is tige bekend om de kroegen. Ek binne der op'e Rynkaai in grut tal horekagelegeheden. Yn it stadion fan Arnhim, it Gelredome, fine gauris grutte eveneminten plak lykas Qlimax yn novimber.
[bewurkje seksje] Wiken fan Arnhim
|
|
[bewurkje seksje] Musea en it besjen wurdich:
- Burgers Zoo (Schelmskewei 85)
- Nederlânsk Iepenloftmuseum (Schelmskewei 89)
- Nederlânsk Wettermuseum (Zijpendaalskewei 26 – 28)
- Museum foar Moderne Keunst Arnhim (Utertsewei 87)
- Eusebiustsjerke (Tsjerkeplein 1)
- Park Sonsbeek (Sonsbeeksingel, Zijpendaalskewei)
- Park en Kasteel Zijpendaal (Zijpendaalsewei)
- 39 Historische kelders uit de XIIIe, XIVe en XVe ieu (Rynstrjitte)
- Bronbeek (Felperwei 147)
- Arnhims Oarlochsmuseum 40-45 (Kemperbergerwei 780)
Der is ek in Sintrum Byldzjende Keunst yn Arnhim.
[bewurkje seksje] Bekende Arnhimmers
- Marion Bloem, skriuwster
- Hetty Blok, kabaretiêre, aktrise en sangeres
- Ted de Braak, televyzjepresentator
- Edmond Classen, akteur
- Kiki Classen, aktrise
- Ien Dales, politikus (PvdA)
- Johannes van Dodewaard, biskop fan Haarlim
- Johnny van Doorn (pseudonym: Johnny the Selfkicker), dichter
- Jef Dorpmans, fuotbalskiedsrjochter
- Willibrord Frequin, sjoernalist en televyzjepresentator
- Klaas Gubbels, skilder
- Audrey Hepburn, aktrise
- Antoon van Hooff, direkteur fan Burgers' Zoo
- Antonie Kamerling, akteur en sanger
- Marga Klompé, de earste froulike minister fan Nederlân
- Peter Knegjens, sportferslachjouwer, presentator en reklamemakker
- Hendrik Antoon Lorentz, wis- en natuerkundige
- Victor Marijnen, âld-premier
- Mart Smeets, (sport)sjoernalist, presentator en publisist
- Peter van Straaten, tekener, skriuwer
- Linda Wagenmakers, aktrise en sangeres
- Koos van Zomeren, skriuwer
[bewurkje seksje] Trivia
- Loesje begûn yn Arnhim
- Hotel Bosch wie jierrenlang it âldste kraakpân fan Nederlân.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Arnhem en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |