Arjan Hut
Ut Wikipedy
Arjan Hut ( Drachten, 19 jannewaris 1976, opgroeid yn Surhústerfean) is in Fryske skriuwer/dichter. Hy publisearre ûnder oare yn De Moanne en Hjir. Yn 2004 ferskynde syn dichtbondel Nachtswimmers. Syn wurk wurdt omskreaun as donker-romantysk, surrealistysk, dreamerich en ek wol okkult. Hut wie fan 2003 oant 2006 de sintrale figuer by it Ynternettiidskrift Doar. Fan de webstee Doar ferskynde begjin 2006 by útjouwerij Venus 'Doar Boek'. Nei Doar stapte Hut yn de redaksje fan in oar ynternetpoadium, Go-gol.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Stêdsdichter
Op Dichtersdei 2005 waard Hut út 35 kandidaten keazen ta stêdsdichter fan Ljouwert. Fjouwer fan syn stêdsgedichten waarden opnaam yn de earste nasjonale stêdsdichtersbondel De stad en ik. Ien wike foar de útferkiezing wie Hut al yn tsjinst komd as ien fan de fêste radiokollumnisten fan Omrop Fryslân.
As stedsdichter hat Hut Ljouwert fertsjinwurdige op de earste nasjonale stêdsdichterdei yn Lelystêd, op 30 oktober 2005. Mei Adriaan Jaeggi, stêdsdichter fan Amsterdam, iepene hy yn 2006 mei in gedicht de Nationale Week van de Poëzie. De bekendste stêdsgedichten fan Hut binne Under de Toer, dat ûnder oaren yn it Ljouwerter stêdhûs syn plak fûn hat, It Unfolsleine Spoar en it lange foardrachtsfers Fjoertoer de Aldehou, in poëtyske selfevaluaasje mei in politike ynslach, opdroegen oan de Wolf, dêr 't op syn minst kollega-skriuwer Henk Wolf mei bedoeld wurdt. Foar de liettekst Mata Hari krige Hut yn 2005 de Steven Sterk-priis. It lêste stêdsgedicht wie Onder de klokslag, skreaun op fersyk fan Adriaan Jaeggi foar in lyts stêdsdichterstreffen yn it Parool theater te Amsterdam, desimber 2007. Twa moanne letter loste Derwent Christmas Hut as Ljouwerter stêdsdichter ôf.
Hut wurket ek ûnder it pseudonym Goaitsen Andringa.
Yn de simmer fan 2007 wie Hut mei dichter Eeltsje Hettinga en de bands Ljoubjr en Novelle ûnder de namme Tsjerketour op toernee troch Fryslân. Optredens wiene der ûnder oaren yn de midsieuske tsjerken fan Sânfurd, Ketlik, Eastrum, Bears en Boksum.
[bewurkje seksje] Hjoed de dei
Arjan Hut skriuwt oan in boek ûnder de wurktitel Hûzen fan Fleis en in bondel ûnder de wurktitel Tin. Hut publisearret nije gedichten yn De Moanne. Yn septimber 2008 ferskynt de nije rymposter fan de berneboeketiid, mei in gedicht fan Hut. It gedicht hjit fan "Streken", skilderesse Misja Sirag fersoarget de yllustraasje.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- Nachtswimmers - gedichten (Bornmeer, feb 2004)
- Doar Boek - (mei Elizabeth Hietkamp) (Venus, feb 2006)
- Poetisch Leeuwarden - (kleine Uil, des 2006)
- 05 06 - gedichten (Bornmeer, jan 2007)
- Toe No - (mei Elizabeth Hietkamp) (Bornmeer, sep 2007)
- Onferjitlik Lok - kollems (Bornmeer, feb 2008)
[bewurkje seksje] oar wurk
- The Cornish Language in Education in the United Kingdom - (Mercator, nov 2001)
- Wurdboek Frysk - (co-auteur) (Prisma, jun 2007)
[bewurkje seksje] oer Hut (seleksje)
- Stadsgedichten zonder stad: over de unheimische poëzie van ... (Gaston Franssen, De Moanne 5, 2007)
- Blue Fun Me Awe (Harmen Wind, Leeuwarder Courant, 29 jun 2007)
- Nachten en treinen begeliede Hut op it dichterspaad (Pier Boorsma, Friesch Dagblad, 16 jun 2007)
- Dichtbundel van de Week: twee stadsdichters (Coen Peppelenbos, Literair Nederland, mei 2007)