Appelskea
Ut Wikipedy
|
Appelskea (Nederlânsk: Appelscha; Stellingwerfsk: Appelsche) is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf. It leit oan de noardkant fan it Drintsk-Fryske Wâld. Appelskea hat 4.954 ynwenners. Ta de himrik fan Appelskea heart ek Aakinga.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Appelskea wurdt foar it earst yn 1247 as Appels fermelden yn de boeken fan it Aartsbisdom Utert. It bestie ieuwenlang út in pear boerespultsjes om de Boerestreek, en de buorskippen Aakinga, Terwisscha en De Bult. It esdoarp lei ynsluten tusken droege sânige heide en wiet fean, doe noch de Appelskeaster- en Fochteler feanen neamd. Om 1450 waarden leidiken oanlein om it soere lekwetter út it fean by de ikkers te kearen. EarderNei 1827 wreidet it doarp mei de komst fan tûzenen Fryske arbeiders foar de turfwinning út, en ûntstiet it hjoeddeiske doarp. De sosjale omstannichheden binne lykwols poermin., en tsjin de tiid dat turf folle minder opbringt as stienkoal brekt yn 1888 ûnder de feanarbeiders in grutte staking út. Dit is it begjin fan organisearre stakings yn Nederlân.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Omgeving en toerisme
It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Ek de Opsterlânske Kompanjonsfeart (as ûnderdiel fan de Turfrûte), en de attraksjeparken Duinenzathe en Miniatuerpark Appelskea lûke yn de simmermoannen in soad minsken. Yn de omkriten fan Appelskea komme pingoruïnes foar.
[bewurkje seksje] Sanatoarium
Earder kamen in soad TBC-pasjinten nei de sûne bosken fan Appelskea. In soad minsken hawwe der noch herinneringen oan. Fan it eardere sanitoarium Beatrixoard is allinnich noch de röntgenôfdieling oer. Dizze is nu ynrjochte as it ienige tbc-museum yn'e wrâld.
[bewurkje seksje] Heksenoplieding
Fierders hat Appelskea foar sfier bekend de ienige heksenoplieding yn Nederlân. Heks Margarita fan Rongen fersoarget de oplieding. Yn septimber 2005 kaam dizze oplieding yn it nijs omdat de Belestingtsjinst de kosten foar de ienjierrige oplieding ôflûkber achtet. It hat lieden ta Keamerfragen.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Bûten Appelskea leit it besikerssintrum Drintsk-Fryske Wâld fan Steatsboskbehear.
- Op it tsjerkhôf stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
- Yn Appelskea binne sûnt 1933 de Pinksterlândagen, in jierliks anargistysk festival.
- Yn 1994 dûkte in frij ûnskealik kompjûterfirus op, dat de namme Appelskea krige troch ynterne tekenrige Appelskea.
- It Itensiedersmuseum yn Appelskea is yn jannewaris 2007 nominearre foar de Jeropeeske Euro-Toques priis. Hjirby is sjoen nei hoe't saken meigean mei de tiid, watfoar nije ûntwikkelingen oft der brûkt wurde en hoe't it stiet mei de styl fan itensieden.
[bewurkje seksje] Berne yn Appelskea
- Dr. Anne Vondeling ( 2 maart 1916 - 22 novimber 1979 ), PvdA-politikus en minister fan Finânsjes yn it Nederlânske kabinet-Cals.
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Appelskea.