See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Pingo - Wikipedy

Pingo

Ut Wikipedy

Pingoruïne op de Kampsheide by Balloo
Pingoruïne op de Kampsheide by Balloo

In pingo (Inuktitut of dobbe foar "lytse hichte" is in bolfoarmige hichte dy't ûntstiet yn it gebiet mei permafrost wêr't de hydrostatyske druk fan befriezend grûnwetter soarget foar it opheffen fan in laach beferzen grûn.

De kearn fan in pingo, dy't bytiden kwalik lytser is as de totale pingo sels, bestiet út in linsfoarmich lichem fan suver iis. Pingo's wurde oant 90 meter heech mei in trochsneed fan soms mear as 2 kilometer en binne meastal rûn of aairûn fan foarm.

Tsjintwurdige pingo's komme foar yn kontinintale toendra's en meastentiids tusken 65 en 75 graden noarderbreedte.

Troch it skuorren fan de boppelaach wurdt de iislaach bleatsteld oan de sinne. Dan kin in krater of mar ûntstean.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Pingoruïne

As it klimaat waarmer wurdt, bygelyks oan'e ein fan in iistiid, bliuwt fan in pingo in sirkelfoarmich mar of krater oer dy't pingoruïne neamd wurdt. In soad pingoruïnes wurde nei it teien fan it iis stadichoan opfold mei fean. Dit opfollen kin tûzenen jierren yn beslach nimme. Trochdat yn it wetter fan pingoruïnes in soad pollen en siedden fan planten teplak komme, wurdt yn it fean ynformaasje opslein oer de fegetaasje. Dizze ynformaasje kin brûkt wurde om it klimaat dat by de opfolling hearske te rekonstruerjen. Om dizze reden binne pingoruïnes by kwartêrgeologen erg in trek als klimaatargiven. Pingoruïnes kinne datearre wurde middels bygelyks tephrogronology.

[bewurkje seksje] Pingo's yn Fryslân

Ten noardwesten fan dt Burgumermar leinen wol tsientallen fan dizze pingoruïnes op de oergong fan de hegere sângrûnen nei de feangrûnen fan it Bútenfjild. De hjirfan oerbleaune dobben binne hast allegear netuerreservaten. In Nederlân komme pingoruïnes foar yn it grinsgebiet fan Grinslân, Fryslân en Drinte, rûchwei lizze yn de trijehoek Haulerwyk, De Westerein en Marum en yn de rest fan Drinte. Boppe-Smilde.

[bewurkje seksje] Pingo's yn Nederlân

In Nederlân komme pingoruïnes foar yn it grinsgebiet fan Grinslân, Fryslân en Drinte, rûchwei lizze yn de trijehoek Haulerwyk, De Westerein en Marum en yn de rest fan Drinte. Boppe-Smilde.In prachtich eksimplaar is de Esmar tusken Feanhuzen en Ek de markes op de Kampsheide by Balloo en yn it Nije Fean yn Bruchterveld binne pingoruïnes. Ek de Uddelermar op de Feluwe is wierskynlik in pingoruïne.

In âlde namme foar pingoruïnes is gletsjerkom - earder tocht men dat sokke kûlen ûntstean wienen trochefterbleaune stikke lâniis.

Pingo is ek de namme fan in populêr kompjûterspultsje út de jierren 80.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

  • [1] - Pingoruïne op de Kampsheide
  • [2] - Pingoruïne yn it Fochtelerfean
  • [3] - Webstee mei animaasje fan it ûntstean fan in pingoruïne]
  • [[4]] - oer de pingo


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -