See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Fioele - Wikipedy

Fioele

Ut Wikipedy

Fioele mei strykstôk
Fioele mei strykstôk
Fioele yn koffer
Fioele yn koffer

De fioele is in snaarynstrumint en strykynstrumint mei fjouwer snaren. De klank wurdt makke troch de snaren trilje te litten mei in strykstôk. De houten klankkast is der foar om it lûd fan de triljende snaren fuort te sterkjen. De fioele wurdt ornaris bespile troch it muzykynstrumint tusken kin en skouders te klemmen en mei de fingers fan de linkerhân de snaren tsjin de ebbenhouten toets te drukken om sadwaande de snaar lytser te meitsjen (en dus de toan heger klinke te litten. De fioele wurdt bespile troch in fioelist(e).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Wa't de earste fioele makke hat is net bekend. Algemien wurdt oannommen dat de fioele om 1550 yn Itaalje ûntstie. Hjirûnder steane ferskate ynstruminten dêr't fan oannommen wurdt dat it de earste foarrinner fan de fioele wie.

Yn de midsieuwen wiene der in soad ferskillende snaarynstruminten. Guon waarden tokkele, lykas de luit, oaren waarden strutsen, lykas de vedel en de rebec. De trije snaarynstruminten dy't wichtich wiene foar it him ûntjaan fan de fioele binne: de rebec, in smel parfoarmich ynstrumint, de vedel, dy't in soad foarmen kend hat en de elegante lira de braccio, dy't de foarm fan de hjoeddeistige (2007) fioele al hie. De earste echte fioelen waarden om 1550 hinne boud yn de Italjaanske fioelebousintra Brescia en Cremona.

[bewurkje seksje] Stimming en klank

De fjouwer snaren binne as folget stimd, fan leech nei heech:

G, D, A, E.

De G-, D- en A-snaar binne gauris fan keunsstof, mei metaalfoly en titanium omwuolle en der is mar komselden in stielsnaar. De bettere snaren binne lykwols makke fan skieppeterms. De E-snaar is ornaris fan massyf metaal. Eartiids waard allinnich skieppeterm brûkt. Troch de behyplike technology wiene snaren min homogeen te meitsjen, wat de klank negatyf beynfloede. De hjoeddeiske termsnaren ha dat neidiel net mear. Termsnaren binne wol gefoeliger foar focht, sadat de fioele earder ûntstimd. De klank fan de fioele kin sêfter makke wurde troch in sordino (houten of keunstof dimper) op de kaam te setten. Foar stúdzjedoelen kin de fioele folle sêfter makke wurde troch in swiere metalen dimper. Meast wurdt de fioele mei in strykstôk bespile. Neist de stryktechnyk (arco) wurdt de fioele inkeld ek pizzicato bespile (troch mei ien finger te tokkeljen - meast mei de stôk yn de hân). Inkeld wurdt col legno spile troch mei it hout fan de strykstôk op de snaren te 'slaan'. Yn orkeststikken sitte meast twa fioelpartijen, de earste en de twadde fioele. Hiel no en dan is der in tredde fioelpartij. De ynstruminten binne identyk, mar de earste fioelen krije melodieuzere (en faak wat dregere) partijen te spyljen. De altfioele is in kwint leger stimd en hat meast in stypjende rol.

Ta de moderne fioelfamylje hearre (fan lyts nei grut):

  • fioele
  • altfioele
  • sello
  • kontrabas (gauris mei fiif snaren)

Aldere fioeltypes binne:

  • viola d'amore
  • viola da gamba
  • violoncello da Spalla

De fioele bestiet út ferskate ûnderdielen, lykas:

  • De klankkast, it wichtichste ûnderdiel, om de klank fan de snaren goed útkomme te litten.
  • De hals, it stik dêr't de swarte toets sit, dêr't de fioelist de fingers op set.
  • De krul, it wurd seit it al, in krulfoarmich stik oan de útein fan de hals. Dy is eins net fan belang foar de klank, mar is in ôfwurking foar it each dat ek wat wol. Frjemd dat it altyd in krul is, oare foarmen sjocht men komselden.
  • It kinstik, in ûnderdiel dêr't de spiler it kin op rêste lit. It kin fan keunststof of fan hout wêze, ek binne der ûnderlinge ferskillen, it iene sit mear oan de sydkant, en guon sitte yn 'e midden, soks hinget ôf fan de kar fan de bespiler.
  • It sturtstik, dat giet ûnder it kinstik troch, en sit dêr ek fêst. Op it sturtstik sitte meast sekuerstimmers, om in snaar in fraksje ferheegje te kinnen. Om de fioele gewoan te stimmen wurde de stimknoppen brûkt, dy't foar de krul sitte.
  • De kaam, in wichtich ûnderdiel want de snaren rinne der oerhinne en der stiet dus ek frijwat spanning op. Stiet de kaam bryk dan hat dat aaklike gefolgen foar de klank en de snaren. De kaam bringt it triljen fan de snaren oer op de klankkast.
  • De klankgatten, dy binne f-foarmich en sitte oan wjerskanten yn it boppeblêd fan de klankkast. Dêrtroch kinne de toanen yn de klankkast galmje.
  • De toets, it swarte stik op de hals dêr't de snaren oerhinne rinne nei de stimknoppen ta. De fioelist drukt de snaren op de toets om de toanen heger te meitsjen.
  • It efterblêd, dat is de efterkant fan de klankkast. It bestiet út ien of twa stikken.
  • De steapel, it stokje yn de fioele ûnder it linkerfuotsje fan de kaam dat soarget foar it oerbringen fan de trillings nei it efterblêd.

[bewurkje seksje] Fioelebou

Ofmjittings fan fioele
fioeltype ôfmj. yn sm.
4/4 58,4
3/4 55,9
1/2 50,8
1/4 47,0
1/8 41,9
1/16 35,6

Fioelen (en benammen de stúdzjefioelen) wurde yn in tal ôfmjittings makke. De hiele fioele (4/4) is de meast gongbere, kwartfioelen en lytser wurde mar in hiel lyts bytsje makke. De geskikte ôfmjitting fioele foar bern kin fûn wurde út de lingte fan de earm: de fioele is net te grut as de hiele hân om de krul lein wurde kin wylst de fioele ûnder it kin holden wurdt. It bouwen fan in fioele freget fakmanskip. Omdat in fioele syn moaiste klank meast net earder krijt as nei lang bespyljen, binne benammen fioelen fan in tal âldere fioelebouwers ferneamd. Dat binne:

  • Stradivarius
  • Amati
  • Guarneri
  • Gagliano
  • Ruggieri
  • Stainer

[bewurkje seksje] Moderne ûntjouwings

Ek al liket de fioele in tradisjoneel ynstrumint, hy hat troch de tiid hinne in grut tal feroarings meimakke. Mannich fioelbouwer eksperimintearre mei eigen ûntwerpen mei as doel de akoestyske eigenskip fan it ynstrumint troch-en-de-troch kennen te learen. Undersyk mei help fan dendrogronology, gasgromatografy en massaspektrometry makket it mooglik in âld ynstrumint yn de tiid te setten. Ek kin útmakke wurde wêr't it hout wei komt en hoe âld dat krekt is.

In ûntjouwing fan de lêste tiid is de elektryske fioele. Foar fersterking wurdt gauris in piëzo-elemint brûkt. Dat hat foar dat it hiel maklik op 'e kaam fan fioele oanbrocht wurde kin. It past op sa goed as likefolle watfoar fioele en makket neat stikken. Ien fan de neidielen is dat net stil oefene wurde kin, omdat de klankkast noch hieltyd itselde bliuwt.

It bespyljen fan de fioele wurdt soms al op hiel jonge leeftyd leard oan de hân fan de Suzukimetoade.

[bewurkje seksje] De kattetermleginde

Foar fabrikaazje fan moderne fioelsnaren wurdt skieppeterm, teflon, nylon, perlon, titanium, stiel, karbon, sulver, goud of natuerside brûkt. In soad minsken tinke dat fioelsnaren allinnich makke wurde fan katteterms. Soks komt troch de Ingelske oersetting fan it wurd skieppeterm: catgut.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -