Sello
Ut Wikipedy
De sello (koarte namme foar violonsello, ek wol violonsel) heart by de groep fan de strykynstruminten. Troch de lege en waarme klank wurdt de sello ek wol de bariton ûnder de strykynstruminten neamd.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De oarsprong
De earste sello waard yn de 16e ieu boud en foar 't neist hat Gasparo da Salo (1540-1609) it ynstrumint syn definitive foarm jûn. As útfiner fan de sello wurdt Tardieu, in geastlike út Tarascon, sjoen.
[bewurkje seksje] It ynstrumint
De sello is sa'n 120 sm lang. Lytsere ôfmjittings fan de sello wurde oantsjut as 1/16, 1/8, 1/4, 1/2 en 3/4 sello's. De sello is bespand mei fjouwer snaren en hat twa f-gatten. De snaren fan de sello binne fan heech nei leech stimd: A, D, G, C. De snaren rinne fan it sturtstik ôf oer de kaam nei de stimkaaien oan de boppekant fan de hals, ûnder de krul. De kaam sit tusken de klankgatten op it boppeblêd. It stimmen wurdt dien troch mei de grutte stimknoppen oan de boppekant of, as se der binne, mei de sekuerstimmers oan de ûnderkant fan it sturtstik. It ynstrumint wurdt op de goede spylhichte brocht troch it útskowen fan de metalen sturtpin oan de ûnder kant.
[bewurkje seksje] It spyljen
De sello wurdt altyd sittend bespile, mei de pinne stypjend op 'e grûn. De techniken om de sello ta klinken te bringen, binne deselde as dy fan oare besnare strykynstruminten.
[bewurkje seksje] De útfiering
Yn it symfony-orkest hat de sello benammen in begeliedende rol. Yn in orkest sitte de sello's oan de rjochterhân fan de dirigint, mei dêrefter de kontrabassen. Op de sello wurdt meast klassike muzyk spile, mar ek yn popmuzyk en rockmuzyk wurdt it ynstrumint brûkt. Gauris hat de sello in begeliedende rol. By barokmuzyk nimt de sello faak de basso continuo partij foar syn rekken. Fierder is de sello ûnmisber yn in strykkwartet of in keamerorkest; meast ek yn in pianotrio. Ek binne der in soad konserten, sonates, suites ensfh. skreaun mei de sello as solo-ynstrumint.
[bewurkje seksje] De sello yn Jazz, Pop en metal
Sello in ynstrumint allinnich foar de klassike muzyk? Nee! It ynstrumint wurdt al jierren in soad brûkt yn (trystige) popballads. Yn Dútslân makket Wolfram Huschke as popsellist in soad CD's. Ek yn de jazz wurdt de sello hieltyd faker brûkt. Foaroprinner fan de sellojazz is de Nederlanner Ernst Reijseger.
Apocalyptica, in metalband út Finlân spilet al jierren metalmuzyk mei allinnich sello's. Ek ha hja in soad nûmers fan ferneamde metalbands lykas Metallica imitearre. Nei har earste beide albums, dêr't benammen Metallicanûmers op stiene, binne se begûn mei it skriuwen fan eigen nûmers. Neist snoeihurde metalmuzyk spylje de bandleden fan Apocalyptica ek yn symfony-orkesten.
De sello nimt ek in wichtich plak yn op de CD Nirvana Unplugged, wêrby't de band foar dy gelegenheid útwreide waard mei in selliste. De rockband Therapy? foege ein njoggentiger jierren ek in sellist oan de besetting ta om in breder lûd te krijen. Dêrneist hat de sello in tige wichtige rol yn it nûmer Wonderwall fan Oasis. Ek de band Electric Light Orchestra (ELO) brûkt standert in soad sello's.
De Yslânske post-rockband Sigur Ros stiet ek bekend om it brûken fan de strykstrôk foar in sello. Frontman Jonsi brûkt yn in soad nûmers in e-bow om syn gitaar te bespyljen, mei dreamerige klanken as gefolch.
[bewurkje seksje] Klankproblemen
De sello hat in twatal relatyf seldsume klankferskynsels dy't net yn elke sello foarkomme. Dy ferskynsels ha foar de oantsjutting in bistenamme krigen:
- De mûs: Yn de klankkast fan de sello heapje nei ferrin fan tiid stofdieltsjes gear, dy't in lyts kerreltsje wurde kinne. It mei ferdrach hinne en wer skodzjen fan de sello kin dat kerreltsje yn de klankkast hearre litte. It kin foar it oefene ear by in útfiering te hearren wêze en dy mûs kin dus mar in bêste fuorthelle wurde. Dat kin troch de sello mei ferdrach op 'e kop te hâlden en de sello rêstich hinne en wer te weevjen. Troch oanhâlden kin it stofkerreltsje dan troch ien fan de f-gatten út de klankkast komme.
- De wolfstoan: In skelle toan dy't op de sello net wolkom is. Dy klank komt ek foar by goede sello's, mar net alle sello's ha in wolf. De wolf is foar de goede bespiler net al te dreech te finen en leit meast tusken de E en de F. In middel hjir tsjin is it setten fan in saneamde wolfdimper. Dy klem wurdt op ien fan de snaren set, tusken de kaam en it sturtstik. In wolfsklem is te keap yn de bettere muzyksaak, it krekt pleatsen fereasket wat ekspertize.
[bewurkje seksje] Komposysjes
Foarbylden fan komposysjes foar de sello:
- Kol Nidrei fan Max Bruch
- Rococovariaties ("Variaties op een Rococo Thema") foar sello en orkest fan Pjotr Iljitsj Tsjaikovski
- Sellosonates fan Ludwig van Beethoven, Johannes Brahms, Antonio Vivaldi, Zoltán Kodály
- Sellokonserten fan Dmitri Sjostakovitsj, Antonio Vivaldi, Antonín Dvořák, Edward Elgar, Joseph Haydn, Luigi Boccherini, Robert Schumann
- Seis suites foar sello sûnder begelieding fan Johann Sebastian Bach
- Bachianas brasileiras nr. 1 (8 sello's) en nr. 5 (sopraanstim en 8 sello's) fan Heitor Villa-Lobos
- Le Cygne fan Camille Saint-Saëns
[bewurkje seksje] Aksessoires
Der binne in soad aksessoires foar de sello (guon binne wichtiger as oaren).
- De sellokoffer. As de sello earne hinne brocht wurde moat, kinne de sello en strykstôk yn in koffer. De sellokoffer jout beskerming op reis.
- De sellohoes. De goedkeapere fariant fan de sellokoffer. Hjiryn kinne de sello en strykstôk ek op reis. De sellohoes is fan stof makke en jout minder beskerming as de sellokoffer.
- Hars wurdt foar it spyljen op it hier fan de strykstôk dien. Dat makket de wriuwing mei de snaren by it spyljen better en soarget foar moaier spyljen.
- De sellolatte kin in gewoan houten plankje wêze mei gatsjes der yn en mei op 'e ein in tou der troch. It tou wurdt ûnder de stoelpoat treaun en de pinne fan de sello stekt yn de útein fan de sellolatte. Sa sil de sello by it spyljen net fuortgliidzje op in glêde flier. In alternatyf hjirfoar is om gewoan in rubberen dopke oer de pinne te setten (hoewol't dat net altyd handich is).
- De wolfsklem wurdt soms set tusken de kaam en it sturtstik om it wolfjen tsjin te gean.
- De sordino wurdt brûkt om de hege toanen fan de sello te dimpen. Dêrtroch wurdt it folume leger en de klank waarmer.
- Fochtregelders wurde brûkt om de fochtigens yn en om de sello hinne op in goede en konstante hichte te hâlden.
[bewurkje seksje] Sellobouwers (fioelbouwers)
In fioelbouwer is immen dy't besnare ynstruminten bout of reparearret. Dat kin fariearje fan gitaar oant kontrasbas. De bekendste fioelbouwers binne:
- Nicolo Amati
- Jaap Bolink
- Nicolò Gagliano
- Matteo Gofriller
- Giovanni Battista Guadagnini
- Giuseppe Guarneri
- Domenico Montagnana
- Stefano Scarampella
- Antonio Stradivari
- David Tecchler
- Carlo Giuseppe Testore
- Jean Baptiste Vuillaume
[bewurkje seksje] Bekende útfierders
Ferneamde sellisten binne:
- Pau Casals
- Yo-Yo Ma
- Mischa Maisky
- Jacqueline du Pré
- Giovanni Ricciardi
- Mstislav Rostropovitsj
- Paul Tortelier (uitvinder van de "kromme pin")
- Frances-Marie Utti
Bekende Nederlânske sellisten binne:
- Monique Bartels
- Anner Bijlsma
- Jean Decroos
- Dmitri Ferschtman (Een Rus die al jaren in Nederland woont en werkt)
- Larissa Groeneveld
- Doris Hochscheid (website)
- Godfried Hoogeveen
- Gregor Horsch
- Johan van Iersel
- Floris Mijnders
- Ernst Reijseger
- Quirine Viersen
- Pieter Wispelwey
Bekende Belgyske sellisten:
- France Springuel
- Roel Dieltjens
- Viviane Spanoghe (website)
- Marie Hallynck
Bekende ensembles:
- Conjunto Ibérico (8 celli o.l.v. Elias Arizcuren)