Falle d'Aosta
Ut Wikipedy
Flagge | Wapen |
---|---|
Lokaasje yn Itaalje | |
= | |
Algemien | |
Haadstêd | Aosta |
Oerflakte | 3262 |
Befolking | 119.548 |
Befolkingstichtens | 37 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Mont Blank: 4800 meter |
Oantal gemeenten | 74 |
Provinsjes | Aosta |
Falle d'Aosta of Fal d'Aosta (Frânsk: Vallée d'Aoste, is in bercheftige regio en provinsje yn Noardwest-Itaalje. It is de lytste regio fan it lân dat yn it westen grinzet oan Frankryk, yn it noarden oan Switserlân en yn it suden oan de regio Piëmont.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografie
De regio beslacht 3263 km² en de haadstêd fan de regio is Aosta. De regio omfet it "Valle d'Aosta", it delle fan de Dora Baltea, in sydrivier fan de Po, en syddellen.
[bewurkje seksje] Begrinzing
Yn it noarden wurdt Falle d'Aosta fan it Switserske Wallis (de fallei fan de Rhône) skieden troch de Walliser Alpen. De Grutte Sint-Bernardpas liedt oer dizze rige berchtmen nei Martigny. Oare passen oer de Walliser Alpen binne allinnich rinnende begeanber. De Walliser Alpen foarmje hjir in foar it ferkear net troch te komen barriêre tusken it "Valle d'Aosta" en it Wallis.
Yn it noardwesten wurdt de regio begrinze troch it massyf fan de Mont Blank, wêrefter yn Frankryk de fallei fan Sjamoniks leit. Falle d'Aosta is mei Sjamoniks ferbûn troch de Mont-Blanktunnel, dy't de E25 ûnder de Mont Blank troch leit.
Te suden en súdwesten fan Falle d'Aosta lizze de Grajiske Alpen, wêroer nei it westen de Lytske Sint-Bernardpas nei Bourg-Saint-Maurice yn it Savojaanske Tarentaisedal liedet. De súdkant fan it Falle d'Aosta wurdt foarme troch it massyf fan de Gran Paradiso.
Yn it easten lang om let grinzet de regio aan de Piemonteser dalen Fal Sesia en Fal d'Ossola.
[bewurkje seksje] Befolking
Falle d'Aosta hat foar in part in Frânstalige befolking fan om-ende-by 113.000 ynwenners. De Frânske taal dy't sy prate is it Patois, in Frânsk dialekt dat ticht by it Provensjaalsk stiet, mei oerienkomsten mei de Frânske dialekten fan Switserlân en hiel opmerklik mei dy fan Kanada.