Antarktika
Ut Wikipedy
Antarktika is in wrâlddiel rûn de súdpoal fan de ierde, mei der omhinne de Súdlike Oseaan of Antarktyske Oseaan. Dy oseaan rint oer yn de Grutte Oseaan en de Yndyske Oseaan, wêrby de grins tsjintwurdich fêststeld is as de 60e breedtegraad.
Op Antarktika lizze gjin lannen, wol binne der in tal lannen dy't der ûndersyk dogge. De measte dêrfan hawwe dêrta ûndersykstasjons op Antartika. Nederlân is in útsûndering om't it al ûndersyk docht mar gjin eigen stasjon in it gebiet delset hat.
Ferskate lannen hawwe kleems lein op parten fan Antarktika. Dy hawwe ynternasjonaal gjin status en it Arktysk Ferdrach wiist dy ek ôf, mar op kaarten wurde se gauris oanjûn om't der oars sa'n grutte wite flek op 'e kaart komt.
Steat | Gebiet | Kleemgrinsen | Sûnt |
---|---|---|---|
Argentynje | Argentinysk Antartktika | 25°W oant 74°W | 1943 |
Austraalje | Australysk Antartktysk gebiet | 160°E oant 142°2′W en 136°11′W oant 44°38′E | 1933 |
Brazylje | Brazilysk Antarktika | 28°W oant 53°W | 1986 |
Frankryk | Adélielân | 142°2′E oant 136°11′E | 1924 |
Grut-Brittanje | Britsk Antarktysk gebiet | 20°W oant 80°W | 1908 |
Noarwegen | Keninginnne Maud-lân | 44°38′E oant 20°W | 1939 |
Peter I-eilân | 68°50′S 90°35′W | 1929 | |
Nij-Seelân | Ross-gebiet | 150°W oant 160°E | 1923 |
Sily | Sileensk Antarktysk gebiet | 53°W oant 90°W | 1940 |
Net kleemd | 90°W oant 150°W |