Wiuwert
Ut Wikipedy
Wiuwert is in doarp yn de Fryske gemeente Littenseradiel, mei 260 ynwenners (1 jannewaris 2004).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Wiuwert diel út fan de gemeente Baarderadiel.
Wiuwert is twaliddich wat bebouwing oangiet. Oan de iene kant is der de âlde buorren, mar der is ek in nijbouwyk mei in in oantal moderne huzen dy't opfalle troch arsjitektuer en materialen. Ek in stikmannich bediuwsgebouwen lûke de oandacht.
Yn 1866 waard by terpôfgravings in grutte goudskat fûn mei byzantynske en frankyske munten út de 7e ieu. Se waarden net brûkt yn in jildekonomy mar waarden droegen as sieraden.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mummy's
Wat Wiuwert echt bekend makke hat is de ferneamde grêfkelder (1609) ûnder de, yn haadsaak 19e ieuske Herfoarme tsjerke. Yn de grêfkelder ûntdekten timmerlju tafal in oantal liken dy't op natuerlike wize mummifisearre binne. Fjouwer fan dizze ieuwenâlde mummys binne yn de grêfkelder te besichtigjen en foarmje sûnt jierren in toeristyske attraksje. Hoe't it kin dat dizze like nea fergien binnen is net rjocht dúdlik. Men tinkt oan de loftstream en fochtichheidsgraad yn de grêftombe as oarsaak, mar elk Undersyk dat definityf útslútsel jaan kin oer de oarsaak wurdt net tastien troch de tsjerke. Dit omt men de mystike sfear dy't no om de mummifikaasje hinget sa hâlde wol. Ek oer de identiteit fan de mummy's bestiet gjin wissichheid. It binne wierskynlik de resten fan leden fan de Walta-famylje en/of resten fan inkele Labadisten. Om te demonstrearjen dat de singeliere grûngesteldheid en loftstream noch altyd har wurk dogge, is yn de rin fan de tiid in tal deade fûgels yn de romte ophong. Ek al dizze fûgels binne net fergien mar mummifisearre.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Op 25 jannewaris 1972 baarnde de eardere molkfabryk fan Wiuwert ôf.
- Mei Britswert hat Wiuwert in wynmole delsette litten tusken de beide doarpen.
[bewurkje seksje] Mienskip
Mei Britswert hat Wiuwert ien feriening foar Doarpsbelang: De Twa Doarpen. De Pikeloer is de doarpsskoalle.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Aldfeart, Bessens, Froonackerdyk, Klaaiterp, Labadistendyk, Middelsee, Oer de Feart, Slinke, Swaanwerterdyk, Terp.