See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Wettertoer - Wikipedy

Wettertoer

Ut Wikipedy

Wettertoer yn Helsinky: 52 m heech en in ynhâld fan 12.000 m³ (dit is in tige grutte wettertoer, as fergeliking: hjirmei kin in stêd fan 100.000 ynwenners ien dei fan wetter foarsjoen wurde)
Wettertoer yn Helsinky: 52 m heech en in ynhâld fan 12.000 m³ (dit is in tige grutte wettertoer, as fergeliking: hjirmei kin in stêd fan 100.000 ynwenners ien dei fan wetter foarsjoen wurde)[1]
Wettertoer yn Naaldwyk
Wettertoer yn Naaldwyk

In wettertoer is in wettertank dy’t op in sekere hichte boud is. Men brûkt it prinsipe fan de kommunisearjende fetten om de druk yn it wetterliedingnet konstant te hâlden. Dy druk is evenredich mei it peil fan it wetter: foar elke tsien meter stiicht de druk mei sa. 10 N/sm² (ofwol 100 kiloPascal). By wetterbedriuwen is it noch altyd wenst de druk út te drukken yn 'meters wetterkolom', de ôfleverdruk (en dus de hichte fan de wettertoer) is ûngefear 30 meter wetterkolom. By in te hege druk, mear as 40 mwk, soenen de liedingen en kranen skea oprinne kinne, by minder as 20 mwk komt der in te leech debyt út de kraan. Dy hichte is ynklusyf in eventuele natuerlike ferheging wêrop de wettertoer boud is.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Pleatsing en ynhâld

Skema wetterfoarsjenning troch wettertoer
Skema wetterfoarsjenning troch wettertoer

It folume fan it wetter yn in wettertoer moat genôch wêze om it peil (en dus de druk) konstant te hâlden by skommelingen yn it ferbrûk. Soks kin bygelyks barre yn it skoft fan in fuotbalwedstryd as elkenien tagelyk nei it húske giet of by in grutte liedingbrek. Ek by brân moat der wetter levere wurde.

Troch de hege kostpriis fan wettertuorren en it oantaasten fan it lânskip wurde de measte nije tuorren, net al te grut, op in sa heech mooglik plak boud. Om wol genôch buffer te hawwen wurdt der dan in grutter reservoir ûnder boud. Der wurdt dan kontinu wetter fan de buffer nei de wettertoer pompt.

De gemiddelde ynhâld fan in wettertoer leit tusken de 450 m3 en 2500 m3[2] en in hichte fan 20 - 60 meter. Troch de grutte ôfmjittings en it faak karakteristike uterlik is de wettertoer byldbepalend foar de omjouwing. Der binne in soad minsken dy’t in wettertoer net misse wolle. Doe ‘t yn 2007 sprake wie fan it ôfbrekken fan de Akkrumer wettertoer waard der fuort in aksjegroep oprochte om dat te kearen..

[bewurkje seksje] Skiednis

Wettertuorren waarden yn de wrâld boud sûnt 1836. De earst boude wettertoer fan Nederlân wie de wettertoer fan Den Helder dy ‘t fan 1856 is.

Op syn heechst wienen der yn Nederlân sirka 260 wettertuorren. Yn 2006 stienen der noch 170, wêrfan de helt noch brûkt wurdt. De wettertuorren fan bg. Amsterdam en Utertt wurde noch brûkt. Party oare wettertuorren krije in oare bestimming, lykas wente ( De Jouwer ) of restaurant. De wettertoer fan It Hearrenfean is yn 1982 sloopt omdat opknappen te djoer wie.

Tsjintwurdich is de taak fan in wettertoer yn Fryslân oernommen troch pompen en regelders. De pompen hawwe as neidiel dat se útfalle kinne by in stroomsteuring, soks koe by in klassike wettertoer net. Fanwege de wetlike leveringsplicht hawwe de drinkwetterbedriuwen wol faak foarsjennings as dieselpompen of needstroomsystemen om de gefolgen fan in steuring te beheinen.

Fan de wettertuorren dy’t der noch stean, hawwe de measte de status fan monumint. Inkele arsjitekten fan wettertuorren yn Nederlân wienen:

  • Hendrik Sangster
  • Jan Schotel
  • J. Visser
  • H. Vriens

Ek breder aktive arsjitekten as Roelof Kuipers en Jos Wielders hawwe wettertuorren ûntwurpen.

[bewurkje seksje] Wettertuorren yn Fryslân

[bewurkje seksje] Wettertuorren yn Nederlân

[bewurkje seksje] Wettertuorren yn Belgje

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Sjoch ek

  • List fan wettertuorren yn Nederlân


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -