Wergea
Ut Wikipedy
Wergea is in doarp oan de Wergeaster Feart yn de gemeente Boarnsterhim, mei 1.576 ynwenners (1 juny 2004). Foar 1984 wie Wergea part fan de eardere gemeente Idaarderadiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Wergea is grut wurden trochdat it sa'n bitsje healwei de Wergeaster Feart lei, dêr't in protte skipfeart wie. Dy't die dan ynkeapen yn it doarp.
Yn Wergea hat ek in stins stien, mar dy is yn 1782 ôfbrutsen. Mei it materiaal dêrfan is letter it Ald Slot boud.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrich
Wergea is it plak fan de De tsien fan Martens Afke fan Nynke van Hichtum, mar ek it plak dêr't it Iepenloftspul Wergea hâlden wurdt. Yn Wergea stie ek de widze fan it Teatsen.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2004 - 1.576 (1 juny)
- 2003 - 1.638 (1 jannewaris)
- 1973 - 1.684
- 1969 - 1.515
- 1964 - 1.467
- 1959 - 1.463
- 1954 - 1.483
- 1913 - 1.424
Op woansdei 22 augustus 2007 is de earste peal slein foar de nijbouwyk Grut Palma.
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Wergea.