See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Tsjasker - Wikipedy

Tsjasker

Ut Wikipedy

Pealtsjasker yn natoergebiet Sânpoel
Pealtsjasker yn natoergebiet Sânpoel

De tsjasker is ien fan de lytste moles yn Nederlân en is ûntwikkele yn Fryslân. Der binne twa typen tsjaskers:

  • pealtsjasker
  • boktsjasker

By de pealtsjasker wurdt de moleas ûndersteund troch in peal en by in boktsjasker leit de foarkant fan de mole op in houten bok. De pealtsjasker mealt it binnewetter fia de bûtenringsleat en de binnenringsleat nei in binnewetter of oarsom. De boktsjasker mealt it wetter út it binnewetter fia de bûtenringsleat nei it bûtewetter. Allinnich de boktjasker hat in kruibaan foar it kruien fan it wjukkekrús op de wyn. De pealtsjasker wurdt mei in keatling op de wyn lutsen.

In tsjasker hat gjin kaamrêden yn tsjinstelling ta 'gewoane' moles. Op de as wêr't de wjukken trochhinne stekke, sit efteroan in tonmole. Dit is in lyts soarte fizel mei in betimmering der omhinne. Net ten ûnrjochte is troch mûnekenners steld dat de ienige oerienkomst tusken de tsjasker en alle oare wynmoletypen it besit fan in wjukkekrús is.

Dit lytste wynmoletype foar it oppompen fan wetter wie om 1950 hinne hast hielendal ferdwûn. Nei 1970 waarden ferskate moles nij boud. Benammen yn natoergebieten wurdt dit soarte moles brûkt om ferdroeging tsjin te gean.

In hiel Nederlân binne noch 25 tsjaskers te finen, wêrfan 11 moles yn Fryslân. De âldste tsjasker fan Fryslân en Nederlân stiet yn It Heidenskip by Warkum. Dizze waard boud yn 1915.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -