See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Tiny Mulder - Wikipedy

Tiny Mulder

Ut Wikipedy

Tiny Mulder is in Fryske skriuwster en waard berne yn Beetstersweach op 2 april 1921.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Libben

As bern wenne hja lange tiid yn Assen, mar doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Hjir learde Tiny Frysk praten, foar it lêzen en skriuwen folge sy in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.

Doe’t se njoggentjin jier wie, briek de Twadde Wrâldoarloch út. Nei har eineksamen hie se graach de sjoernalistyk yn wollen, mar troch de tiidsomstannichheden slagge dat doe net. Se krige wurk op it gemeentehûs fan Smellingerlân en letter op it distribúsjekantoar, dêr't Piter Wybenga har sjef waard. Yn 1942 frege dy har om mei te dwaan yn syn fersetsgroep. Dêr hoegde hja net lang oer nei te tinken en as fersetsfrou holp se alliearde piloaten en socht se ûnderdûkadressen foar joadske minsken.

Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it Friesch Dagblad. Hjir hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn Ingelân en Skotlân, letter hat hja hjirfoar ek noch reizge troch Amearika, Kanada en Denemarken. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern.

Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.

[bewurkje seksje] Wurk

Troch de jierren hinne hat Tiny Mulder in soad gedichten en berneboeken skreaun. Tiny Mulder hat njonken dat ek twa romans útjûn.

As wurdearring foar har wurk hat sy in protte literêre prizen wûn.

[bewurkje seksje] Berneboeken

  • 1954 - It boek foar de Fryske bern (mei Jant Visser-Bakker)
  • 1957 - Juffer Kuorkebier
  • 1959 - In kibich span
  • 1975 - De túnkabouter en oare fytmannen
  • 1976 - 25 jaar Us eigen herntsje (2e printinge 1977)
  • 1981 - Rare dokter Dingdong

[bewurkje seksje] Poezy

  • 1962 - Oranje paraplu
  • 1965 - Viadukt
  • 1968 - Wite swan – swarte swan
  • 1975 - Op slach fan tolven
  • 1983 - Oh in stêd, ah in lân – In cyclus
  • 1986 - Tinkskrift – samle gedichten
  • 2001 - Bitterswiet – samle fersen

[bewurkje seksje] Romans

  • 1981 - Tin iis
  • 1987 - Gevaarlijk ijs (oersetting)
  • 1991 - In moaie leeftyd

[bewurkje seksje] Ferhalebondel

  • 1998 - De bêste Fryske ferhalen

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • 1971 - Hwer hast it wei – petearen mei skriuwers

[bewurkje seksje] Prizen

[bewurkje seksje] Rely Jorritsmapriis

  • 1958 - foar ferhaal Nachttrein nei Chicago
  • 1961 - foar fers beam fan it biminnen
  • 1962 - foar fers brief encounter
  • 1963 - foar fers nettsjinsteande
  • 1965 - foar fers Reisboek
  • 1966 - foar fers Ars Brevis
  • 1967 - foar ferhaal Wykein by de Donetti's
  • 1968 - foar ferhaal Machtich as de miggen
  • 1969 - foar fers La mise en mots
  • 1970 - foar ferhaal Leaf dinkje

[bewurkje seksje] Gysbert Japicx-priis

Yn 1986 krige hja as beleaning foar har hiele oeuvre de Gysbert Japicx-priis.

[bewurkje seksje] Boarnen

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -