Assen
Ut Wikipedy
Assen is in gemeente yn, en de haadstêd fan, de provinsje Drinte, mei 63.895 ynwenners (1 augustus 2006), en mei in oerflak fan 89,00 km² (wêrfan 0,65 km² wetter).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Omkring 1600 waard Assen sit fan it bestjoer fan Drinte om't dêr de gebouwen fan it eardere Kleaster Mariakamp beskikber wienen. Dit hie tydlik wêze sille, mar it is nea mear feroare. Earst yn 1807 is Assen in selstannich bestjoerlik gebiet wurden, en yn 1809 makke kening Loadewyk Napoleon Assen in stêd. It wie doe noch allinich in bestjoerssintrum mei minder as tûzen ynwenners, mar hy hie grutte plannen mei Assen, dêr't er ek in grut stêdebouplan foar hie. Dêr is neat fan kaam, mar nei't Assen yn 1814 offisjeel haadstêd fan Drinte waard woeks de stêd yn de rin fan de 19e ieu út ta it middelpunt fan Drinte, mei in ynwennertal fan mear as alvetûzen. Yn de 20e ieu waard dy sintrumfunksje noch sterker, en wûn ek it ynwennertal fierder oan.
[bewurkje seksje] Plakken
De haadstêd fan de gemeente is de stêd Assen, en de oare plakken binne: Anreep, Fries, Grêswyk, De Haar, Loan, Ree, Seijen, Seijerfean, Seijerfjild, Skyven, Ter Aard, Ubbena en Witten.
Fierder hat de gemeente noch ien buorskip, Amelte, krekt east fan de stêd. It eardere streekdoarp Kleasterfean is no in part fan de stêd Assen wurden.
[bewurkje seksje] Lizzing
De gemeente Assen leit tusken yn it noarden Tynaarlo, yn it easten Aa en Hunze, yn it súdwesten Midden-Drinte en yn it noardwesten Noardenfjild. De A28 rint fan Hegefean foarby de westkant fan Assen fierder nei Grins, en ek oan de westkant fan Assen moetsje de Drintske Haadfeart en it Noard-Willemskanaal. Troch de stêd rint it spoar fan Grins nei Swol.
[bewurkje seksje] Untwikling ynwennertal
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Gemeenten yn Drinte
[bewurkje seksje] Kepeling om utens
Provinsje Drinte | |
---|---|
Aa en Hunze | Assen | Borger-Odoorn | Coevorden | Emmen | Hoogeveen | Meppel | Midden-Drinte | Noardenfjild | Tynaarlo | Westerfjild | De Wolden |
|
wizig |