Swichum
Ut Wikipedy
Swichum is lyts doarp yn de gemeente Ljouwert, tusken Wurdum en Wergea, in pear kilometer besuden Ljouwert. It doarp hat 60 ynwenners (1 jannewaris 2005).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De skiednis fan Swichum giet werom oant foar it begjin fan ús jiertelling. Swichum wie oarspronklik in natuerlike ferheging mids sompen en marren. Yn de 10e ieu krige Swichum troch dikenbou in ferbining mei Goutum en de stêd Ljouwert. By de pleats Ayttastate, tsjinoer it tsjerke, groeit de stinzeplant ayttablomke.
Oant 1 jannewaris 1944 foel Swichum ûnder de gemeente Ljouwerteradiel.
[bewurkje seksje] Tsjerke
Op de gedeeltlik ôfgroeven terp leit de Nikolaastsjerke út it jier 1234, wijd oan de hillige Niklaas fan Myra. It gebou, mei in sealdaktoer, wurdt net mear as tsjerke brûkt en is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarp hat mei Wurdum ien feriening foar Doarpsbelang. Tegearre hawwwe de doarpen in toanielferiening Nut en Nocht,in fuotbalferiening WWS en in tennisferiening.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Berne yn Swichum
- Viglius van Aytta, rjochtsgelearde
[bewurkje seksje] Strjitten
Ayttadyk, Moskoureed, Om 'e Tsjerke.