Suderkrús
Ut Wikipedy
It Súderkrús (Crux, ôfkoarting Cru) is in lyts mar opfallend stjerrebyld dat tusken rjochte klimming 11u53m en 12u55m en deklinaasje -55º en -65º leit. Hjirtroch is it allinnich op it súdlik healrûn te sjen. Fan alle stjerrebylden oan de himel hat Crux de lytste oerflakte, earder wie it diel fan it stjerrebyld Centaurus.
Alhoewol't it net iens hiel ticht by de súdlike himelpoal leit, hat it op it súdlik healrûn dochs in fergelykbere betsjutting as de Poalstjer op it noardlik healrûn. It "fertikale" part fan it krús dat foarme wurdt troch de stjerren gamma en alpha wiist namlik wol frij nauwkeurich de súdpoal oan.
Ferskate lannen (û.o. Austraalje, Brazylje, Nij-Seelân en Samoa) hawwe it stjerrebyld Suderkrús yn harren natjonale flagge opnommen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Stjerren
(yn folchoarder fan ôfnimmende helderheid)
- Becrux (β, beta Crucis)
- Acrux (α, alpha Crucis)
- Gacrux (γ, gamma Crucis)
[bewurkje seksje] Wat is der te sjen?
- De Koalesekdize.
[bewurkje seksje] Oangrinzende stjerrebylden
(mei de wizers fan de klok mei)
- Centaur (Centaurus)
- Mich (Musca)
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Flagge fan Austraalje
- Flagge fan Brazylje
- Flagge fan Nij-Seelân
- Flagge fan Papoea-Nij-Guinea
- Flagge fan Samoa